Bizerte of Bizerta (Arabysk: بنزرت‎, Benzart), Hippo yn de Klassike Aldheid, is in stêd yn it noarden fan Tuneezje, yn it gûvernemint Bizarte oan de Middellânske See. It is de noardlikste stêd fan Afrika en leit 65 km benoarden Tunis. It is ien fan de âldste plakken fan Tuneezje en waard stifte troch Fenisyske hannelers fan de stêd Sidon. De stêd wie it lêste plak dat ûnder Frânsk bestjoer wie, wylst de rêst fan it lân al ûnôfhinklik fan Frankryk wurden wie. De stêd hie 136.917 ynwenners yn 2014.

Bizerte
بنزرت
Stedhûs fan Bizerte
Stedhûs fan Bizerte
Bestjoer
Lân Tuneezje
Gûvernemint Bizerte
Sifers
Ynwennertal 136.917 2014
Oerflak 3.363/km2
Befolkingsticht. 4.027 /km2
Stêdekloft 401.144
Hichte 33 m
Oar
Postkoade 7000
Tiidsône UTC+01
Koördinaten 37° 16' 40" NB, 9° 51' 50" EL
Offisjele webside
www.commune-bizerte.gov.tn/
De haven fan Bizerte
De Haven mei boatsjeminsken
Loftfoto fan Bizerte (2008)
 
Romeinsk mozayk dy't it libben yn in fiskersdoarp ôfbyldet

Hippo is de latinisearre foarm fan in Punyske namme (Punysk: 𐤏𐤐𐤅‬𐤍, ʿpwn), mooglik besibbe oan it wurd 'ûbôn', dat "haven" betsjut. Om it fan Hippo Regius, it hjoeddeistige Annaba yn Algerije, te ûnderskieden heaken de Griken en Romeinen der ferskate bynammen oan ta, bygelyks Hippo Akra en Hippo Polis (Hippo de Stêd). Polybius neamde it Hippo Diarrhytus (Gryksk: Ἱππὼν διάρρυτος, Hippōn Diárrhytos), dat betsjut "Hippo Ferdield-troch-it-Wetter", as ferwizing nei it promininte kanaal dat troch it plak rint. It plak ferskynt ek yn Romeinske, Fandaalske, en Byzantynske boarnen as Hippo Zarytus. De Arabyske namme Banzart (بنزرت) en de Frânske namme komme fan fonetyske ûntwikkelings fan de oarspronklike namme.

Neffens de oerlevering stiften Fenysjers fan Sidon Bizerte om 1100 f.Kr. hinne. It wie ynearsten in lytse Fenisyske hannelshaven yn it westlike Middellânske Seegebiet. It plak lei 30 km benoarden Utika en 50 km benoardwesten Kartago. De stêd kaam letter ûnder de ynfloed fan Kartago en rekke belutsen yn de Sisylaanske oarloggen. Nei't Agatokles fan Syracuse ferslein waard, kaam Hippo fannijs ûnder Kartaachsk bestjoer. Ferskate Kartaachske generaals brûkten de haven fan Hippo as ûtfalsbasis yn de Punyske oarloggen.

Yn 149 f.Kr. setten de earste Romeinske oanfallen út ein. Julius Caesar oermastere de stêd en nemade it Hippo Diarrhytus. Under keizer Augustus bloeide de stêd wer op en hold hannelskontakten mei Ostia en Rome. Letter yn de Romeinske tiid fersprate it kristendom him nei de stêd ta.

Yn 439 n.Kr. oermastere Geiserik, de kening fan de Fandalen, de stêd en brûkte de haven as útfalsbasis foar syn oanfallen op oare parten fan it Westromeinske Ryk. It plak stiet op de Peutinger kaart

Fan 534 oant 642 wie de stêd yn hannen fan it Byzantynske Ryk, nei't dy de Fandalen yn de Fandaalske Oarloch fan 534 ferslein hiene. Hja bouden it fort fan Bizerte.

Arabyske legers namen Bizerte yn 647 yn, mar de stêd kaam fannijs yn Byzantynske hannen oant dy yn 695-698 foargoed út Noard-Afrika ferdreaun waarden. Troepen fan keizer Karel V fan it Hillige Roomske Ryk oermasteren de stêd yn 1535 en de Ottomanen namen de stêd yn 1574 yn. De haven fan de stêd waard dêrnei troch de Barbarijske seerôvers brûkt.

Troch de besetting fan Tuneezje yn 1881 krige Frankryk kontrôle oer Bizerte en dy bouden dêr in grutte seehaven.

Yn de Twadde Wrâldkriich besetten Dútske en Italjaanske troepen Bizerte oant de Alliearden harren op 7 maaie 1943 wer ferdreaune. By de fjochterijen flechten in soad ynwenners fan de stêd nei it plattelân of nei Tunis. De stêd rekke swier skansearre yn de slach.

Nei de Unôfhinklikens fan Tuneezje woene de Frânsken Bizerte om syn strategyske lizzing hâlde. Yn july 1963 ûntstiene der fjochterijen tusken Frânske en Tunezyske troepen, wêrnei't de Feriene Naasjes Frankryk ta in oerienkomst ta twongen. De lêste Frânske troepen ferlieten Bizerte op 15 oktober 1963.

Titulêr bisdom

bewurkje seksje

Hippo Diarrhytus is in titulêr bisdom fan de Roomsk-katolike tsjerke. Fan 1989-2002 wie Tadeusz Kondrusiewicz de titulêre biskop, dêrnei Jose Paala Salazar yn 2002–2004 en Manfred Grothe sûnt 14 oktober 2004. De stêd en bisdom Hippo Diarrhytus moatte net betiisd wurde mei dy fan Hippo Regius dêr't de hillige Augustinus fan Hippo de biskop wie.

 
Kaart fan Bizerte út 1890

Bizerte leit oan de westkant fan in ynham fan de Middellânske See 15 km fan de kaap Ras ben Sakke, dat it noardlikste punt fan Afrika is. It leit 20 km benoardeasten de mar Ichkeul, dat in Wrâlderfgoed is, en 30 km benoarden de ruïnestêd Utika en 65 km benoarden de Tunezyske haadstêd Tunis.

Bewesten de stêd lizze de útrinnende heuvels fan de Tell Atlas dy't by de kust del rinne, dêr't de strannen fan Sidi Salem, La Grotte, Rasenjela, en Al Rimel binne. It hat in Middellânske Seeklimaat lykas Sardynje en Sisylje, ta tsjinstelling fan de kusten yn it suden fan it lân dêr't in drûch woastynklimaat it gânse jier troch is.

De stêd leit benoarden it kanaal fan Bizerte dy't de Middellânske See nei in tijmar, Lac le Bizerte, ferbynt.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Yn de omkriten fan Bizerte
  • Vieux Port (âlde haven)
  • Kasba, it âlde Byzantynske fort mei in grimelgrammel fan lytse strjitten
  • Nije Medina
  • Midsiuwske forten
  • Oseanografysk museum

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.