Slach by Ilipa
Part fan de Twadde Punyske Oarloch

Plakken fan de slaggen yn de Twadde Punyske Oarloch
datum: maitiid 206 f.Kr.
plak: Beëasten Ilipa, hjoed-de-dei Sevilla
útkomst: Beslissende Romeinske oerwinning
konfliktpartijen
Kartago Romeinske Republyk
befelhawwers
Mago Barka
Hasdrubal Gisko
Skipio Afrikanus
sterkte
neffens Polybius:
• 70.000 ynfantery
• 4.000 kavalery
• 32 oaljefanten
neffens Livius:
• 50.000 ynfantery
• 4.500 kavalery
• ûnbekend oantal oaljefanten
neffens Polybius:
• 45.000 ynfantery
• 3.500 kavalery
neffens Livius:
• 55.ooo manlju
ferliezen
48.500 sneuvele en finzennommen 7.000 sneuvele

De Slach by Ilipa wie nei alle gedachten de meast fernimstige oerwinning fan de Romeinske generaal Skipio Afrikanus yn de Twadde Punyske Oarloch yn de maitiid fan 206 f.Kr. De slach fûn plak op in flakte beëasten Ilipa, hjoed-de-dei Alcalá del Río by Sevilla yn Spanje by it doarp Esquivel, dat it plak fan in Kartaachsk kamp wie.

De slach like suver like orizjineel te wêzen as Hannibal syn taktyk by de Slach by Cannae, mar Skipio syn omkearde Cannaeformaasje wie it hichtepunt fan syn militêr fermogen. De slach wie de beslissende slach foar de Romeinen dy't in ein makke oan it Kartaachsk gesach yn Hispania en dy't de oanfier fan sulver en mankrêften foar de dynasty fan de Barka's ôfsniene.

Nei de Slach by Baecula en it ferfarren fan Hasdrubal Barka, de broer fan Hannibal, nei Itaalje, kamen Kartaachske mankrêften ûnder leiding fan Hanno de Grutte yn it begjin fan 207 f.Kr. oan yn Ibearje en foegen harren al rillegau by dy fan Mago Barka. Meiïnoar foarmen se in grut leger troch it hieren fan Keltibearyske hierlingen. Njonkelytsen luts Hasdrubal Gisko en syn leger fan Cádiz nei Andalûsje. Dêrtroch stie Skipio foar twa konsintrearre legers fan de fijân oer, dêr't ien fan him grif yn de rêch oanfalle soe as er de oare oanfalle soe.

Nei krekt oerwagen besleat Skipio ynearsten in legerienheid ûnder lieding fan Markus Junius Silanus op Mago ôf te stjoeren en ferslach him. Om't se mei in grutte faasje oanfoelen koe Silanus de Kartaachske mankrêften folslein fernuverje en dat late ta it flechtsjen fan de Keltibearjers en it finzennimmen fan Hanno.

Dêrmei stie Hasdrubal Gisko allinnich foar Skipio syn leger oer, mar dy mijde in fjildslach troch syn mankrêften nei ferskate fersterke stêden te stjoeren. De fjildtcht in Hispania wie foar 207 f.Kr. wynliken dien.

Foar de slach

bewurkje seksje

De folgjende maitiid besochten de Kartagers foar it lêst en oermasterje harren gebieten yn Hispania fannijs. Hasdrubal Gisko foege him gear mei Mago by Ilipa. Hja foarmen in leger fan 54.000 oant 70.000 manlju, gâns grutter as it leger fan Skipio mei 43.000 manlju, dat foar in grut part út Keltibearyske hiersoldaten bestiene, dy't lang net it ûnderfinen hiene as de Romeinske legionêrs.

Nei it kommen fan de Romeinen, besocht Mago it Romeinske kamp te oermasterjen mei syn kavalery, ûnder lieding fan syn Numidyske bûnsmaat Massinissa. Skipio hie it al yn de gaten en stelde syn kavalery efter in heuvel op. Hja foelen de Kartagers fansiden oan en koene harren weromkringe, dêr't Mago in soad mankrêften ferlear.

De folgjende dagen diene de twa tsjinstanners neat oars as inoar besjen en inoar op te stoken. Nei't Hasdrubal en Mago harren mankrêften bûten it kamp yn formaasje opstelle lieten, die Skipio itselde. Skipio stelde de Keltibearjers op oan de flanken en de Romeinse legionêrs yn it midden, sa't Hasdrubal en Mago tochten dat it de Romeinske opstelling fan de slach wêze soe. Dat bliek in grut fersin te wêzen.

 
De formaasje fan it kriichsfolk yn de dagen foar de slach
 
De formaasje fan it kriichsfolk yn de slach nei it feroarjen fan de Romeinen

Doe't Skipio derfan oertsjûge wie dat er de Kartaachske legerlieding goed genôch mislaat hie, sloech er ta. Hy joech de opdracht dat foar moarns betiid de soldaten goed iten hiene en goed bewapene wiene. Dêrnei stjoerde er syn kavalery en lichte kriichsfolk nei de Kartaachske wachtposten, wylst er it grutste part fan syn leger efter de hân hold, foar de foarkant fan it Kartaachsk kamp oer. Dêrby stiene de legionêrs oan de flanken en de Keltibearjers yn it midden.

De Kartagers wiene fernuvere troch de hastige oanfal fan de Romeinen. Ear't se breaskoft hân hie, moasten se harren al tige fluch bewapenje. Hja giene derfan út dat Skipio syn tradisjonele opstelling brûke soe. Dêrom besleat Hasdrubal syn elite-Afrikanen yn it midden fan syn leger op te stellen en de Keltibearyske hierlingen oan de flanken. It slagge him der lykwols net yn syn leger fannijs op te stellen nei't er derefter kaam dat de Romeinen in oare opstelling brûkten.

Yn de oeren dêrnei hold Skipio syn ynfantery benefter syn lichte kriichsfolk dy't de earste skermesearrings diene, dêr't er it effekt mei fan it oerslaan fan it moarnsiten fan de fijân fersterke hie. Doe't er lang om let besleat oan te fallen, waard it lichte kriichsfolk weromroppen en wachtsje benefter de legionêrs dy't oan de flanken stiene, wylst de grutte fjochterijen úteinsetten. Om't syn flanken flugger nei foaren marsken as syn Keltibearjers, foarme Skipio dêrmei suver in bôge, in omkearde Cannaeformaasje. Dêrnei fersterke er de flanken mei syn lichte kriichsfolk dêr't er de gânse Kartaachske liny mei fansiden oanfalle koe.

De Romeinen lieten it midden fan it Kartaachsk leger ynearsten gewurde en Skipio syn legionêrs, lichte kriichsfolk en kavalery foelen de ûnbedreaune Keltibearjers yn de flanken, fan foaren en fan efteren, oan. It Kartaachsk midden koe syn flanken net helpe troch it driigjende Keltibearysk kriichsfolk fan de Romeinen, dy't my grutte formaasjes tichteby stiene, mar noch net oanfoelen.

Troch de folsleine ferneatiging fan de flanken rekken de soldaten fan it Kartaachsk midden betiisd en demoralisearre troch it traapjen fan de kriichsoaljefanten dy't senuweftich wurden wiene. Om't de Kartaachske soldaten honger hiene en wurch waarden flechten se fuort. Skipio fierde de druk noch fierder op om de Keltibearjers derby te heljen en doe waarden de Kartagers alhiel temostere. It like derop dat de Kartagers folslein ôfslachte wurde soene, lykas de Romeinen by Cannae, mar doe bruts der in spielbui út en de Kartagers koene doe weromflechtsje nei harren kamp.

Nei de slach

bewurkje seksje

Hoewol't de Kartagers tydlik feilich wiene yn harren kamp, koene se dochs gjin rêst hâlde. Om't se de folgjende deis ûnûntkomber wer tsjin de Romeinen fjochtsje moasten, moasten se harren ferdigening fersterkje. In soad Keltibearjers giene op de haal en Hasdrubal besocht yn de nacht te flechtsjen mei syn Numidyske bûnsmaten.

Mar Skipio besleat, oars as by de Slach by Baecula, no al ta in efterfolging. Laat troch de kavalery siet it gânse leger Hasdrubal ticht efternei. Nei't de Romeinen harren ynhelle hiene, ûntstie der in fjochterij dat der ta late dat Hasdrubal noch mar 6.000 manlju oerhold. Hy flechte mei harren de bergen yn sûnder drinkwetter. It oerbliuwsel fan it Kartaachsk leger joech jim koart dêrnei oer, mar noch net ear't Hasdrubal en Mago ûntkommen wiene.

Nei de slach ferfear Hasdrubal werom nei Afrika en besocht de Numidyske kening Syffaks foar him te winnen. Ek yn Syffaks syn hof wie Skipio, dy't de Numydjers ek besocht foar him te winnen. Mago Barka flechte nei de Baleären, fan dêr't er wei nei Liguerje farre woe om noardlik Itaalje oan te fallen.

Nei it oermasterjen fan Kartaachsk Hispania en de wraak op de Ibearyske stamlieders, dy't troch harren ferrie de dea fan syn heit en syn omke feroarsaken, ferfear Skipio werom nei Rome. Hy waard ta konsul ferkeazen yn 205 f.Kr., en nei it goedkarren fan de Senaat, krige er Sisylje as prokonsul, dêr't er syn ynvaazje fan it Kartaachske thúslân tarette. Dêrtroch waarden Hannibal en Mago yn 202 f.Kr. út Itaalje weromroppen en ferdigenje it thúslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: