Manistee (Michigan)

Manistee is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Michigan en teffens it haadplak fan Manistee County. It leit oan 'e westkust fan Neder-Michigan, op it plak dêr't de rivier de Manistee útmûnet yn 'e Michiganmar, ien fan 'e fiif Grutte Marren. De namme 'Manistee' is ôfkomstich út 'e Yndiaanske Ottawa-taal, mar troch ferbastering is de oarspronklike betsjutting dreech fêst te stellen. Miskien komt it fan it wurd ministigweyaa, dat "rivier mei eilannen yn 'e mûning" betsjut. Manistee Township is in plattelânsdistrikt dat fuort benoaden de stêd Manistee leit, mar dat der bestjoerlik los fan stiet. Neffens in offisjele skatting út 2014 troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010) hie Manistee doe 6.100 ynwenners.

Manistee
De rivier de Manistee yn 'e stêd Manistee.
De rivier de Manistee yn 'e stêd Manistee.
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Michigan
County Manistee County
Sifers
Ynwennertal 6.098 (2012)
Oerflak 11,6 km² (ynkl. wetter)
8,5 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 730,7 / km²
Hichte 202m
Oar
Stifting foàr 1830
Tiidsône UTC –5
Simmertiid UTC –4
Koördinaten 44°14′37″N 86°19′17″W
Offisjele webside
www.ci.manistee.mi.us
Kaart
De rivier de Manistee yn 'e stêd Manistee.
De lizzing fan Manistee yn Manistee County en yn 'e steat Michigan.

Manistee waard yn 'e iere njoggentjinde iuw oandien troch roomske misjonarissen, en it is bekend dat der yn 1826 in jezuïtyske missypost fêstige wie. Yn 1832 bouden in stikmannich blanke keaplju út Massachusetts in hannelspost oan 'e rivier de Manistee, mar hja waarden al rillegau út 'e krite ferdreaun troch de lânseigen Ottawa-Yndianen.

 
It Jones Building, datearjend út 1872.

De delsetting Manistee begûn as ien fan sa'n fyftjin ûnderskate Ottawa-doarpen oan 'e kust fan dit diel fan Neder-Michigan. Under de betingsten fan it Ferdrach fan Washington waard yn 1836 in grut diel fan 'e delling fan 'e Manistee, wêrûnder de delsetting Manistee sels, ta Yndianereservaat ferklearre. Neitiid waard dat reservaat lykwols wer opheft doe't de grûn te oantreklik bliek foar blanke kolonisten.

De earsten fan dy kolonisten setten har yn 1841 yn it gebiet nei wenjen. Dêrby gie it om in John Stronach, dy't dat jiers mei syn soan en fyftjin oare blanke manlju yn Manistee in houtseagerij begûn. Yn 1871 waard de delsetting suver hielendal troch brân ferwuostge. Yn 1882 krige Manistee stedsrjochten.

 
De Deenske Lutherske Tsjerke yn Manistee.

De pleatslike ekonomy fan Manistee is sterk ôfhinklik fan it toerisme. Der binne mear as fjirtich charterfiskersboaten dy't mei angelders de Michiganmar opgeane, wylst men by it angeljen yn 'e rivier de Manistee foet oan 'e grûn hâlden kin. Der wurdt benammen op salm en reinbôchforel fiske. Fierders kin der yn 'e omkriten fan Manistee ek jage wurde, en binne der oan 'e kust fan 'e Michiganmar trije publyk tagonklike strannen. Fierders is der de golfbaan fan it Manistee National Golf Resort (5 km besuden Manistee) en it kasino fan it Little River Casino and Resort (13 km noardeastlik fan Manistee). Yn Manistee is ek de filmstudio 10 West Studios fêstige, dy't spylfilms produsearret, wêrûnder de dramafilm What If... (2010), mei Kevin Sorbo en John Ratzenberger, en de bernefilm Mickey Matson and the Copperhead Conspiracy (2012), mei Christopher Lloyd en Ernie Hudson, dy't beide yn Manistee opnommen waarden.

Tusken 1870 en 1900 woeks de befolking fan Manistee oan fan 3.300 oant rom 14.000 minsken. Neitiid begûn it ynwennertal lykwols wer te sakjen. Fan 1930 oant 1960 sweefde it tusken de 8.000 en de 9.000, en pas yn 1990 dûkte it foar it earst ûnder de 7.000. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 lei it ynwennertal fan Manistee doe op 6.200, en in skatting út 2014 ornearre dat der dat jiers 6.100 ynwenners wiene.

 
De iepenbiere bibleteek fan Manistee.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Manistee 18,0% âlder as 65 jier en 21,9% jonger as 18 jier. Fierders bestie 36,4% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 11,1% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 88,1% blanken; 3,8% Yndianen; 3,4% Latino's; 0,4% Aziaten; 0,5% swarten; 3,8% oaren of fan mingd etnysk komôf. In grut diel fan 'e blanke ynwenners fan Manistee is fan Skandinavysk komôf. De Yndianen binne foar it meastepart etnyske Ottawa. De Little River Troep fan Ottawa Yndianen, in federaal erkende Amerikaanske stamme-organisaasje, hat syn haadkertier yn Manistee.

Manistee hat in lânklimaat, mei fochtige waarme simmers en kâlde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 27 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –8 °C. Manistee kriget jiers trochinoar 847,5 mm delslach.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.