Manistee Yndianereservaat
It Manistee Yndianereservaat (Ingelsk: Manistee Indian Reservation) is it reservaat yn 'e Amerikaanske steat Michigan fan 'e federaal erkende Little River Troep fan Ottawa Yndianen (Little River Band of Ottawa Indians). Dat is ien fan fjouwer federaal erkende stamme-organisaasjes yn 'e Feriene Steaten dy't de Ottawa-Yndianen fertsjintwurdigje. It reservaat waard weroprjochte yn 1994. It haadkertier is fêstige yn Manistee, dat bûten it eigentlike reservaat leit.
Manistee Yndianereservaat Manistee Indian Reservation | ||
De kust fan 'e Michiganmar by Manistee. | ||
polityk | ||
haadplak | Manistee (Michigan) | |
stamme | Little River Troep fan Ottawa | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Michigan | |
county | Manistee County | |
sifers | ||
ynwenners | – (gjin gegevens) | |
oerflak | – (gjin gegevens) | |
bef.tichth. | – (gjin gegevens) | |
oar | ||
stifting | 1994 | |
tiidsône | UTC –5 | |
simmertiid | UTC –4 | |
webside | www.lrboi-nsn.gov | |
kaart | ||
Yndianereservaten yn Michigan. It Manistee Reservaat is werjûn yn read. |
Geografy
bewurkje seksjeIt Manistee Yndianereservaat leit oan 'e westkust fan Neder-Michigan. It bestiet út guon fersprate perselen yn Manistee County, en teffens yn Custer Township en Eden Township yn it oangrinzgjende Mason County. Der binne gjin gegevens beskikber oangeande it mienskiplike oerflak fan dy perselen, mar mei't de Little River Troep pas mids 1990-er jierren úteinset is mei it oankeapjen fan lân, kin it net botte grut wêze. It haadplak fan it reservaat is de stêd Manistee, dy't bûten it eigentlike reservaat leit.
Skiednis
bewurkje seksjeIt oarspronklike Manistee Reservaat waard ûnder de betingsten fan it Ferdrach fan Washington, fan 1836, foar de Ottawa fan 'e Little River Troep stifte. It besloech sa'n 70.000 acres (283,4 km²), en omfieme dêrmei de hiele mûning fan 'e rivier de Manistee. It waard yn 'e tekst fan it ferdrach omskreaun as "seis myl yn breedte en twaentweintich fan east nei west, de delling fan 'e rivier de Manistee ynbegrepen, him oan beide kanten fan 'e rivier nei it easten útstrekkend oan Seksje 4 ta [...]"
Dit reservaat waard lykwols oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw troch it Amerikaanske regear opheft. Nei in lange wrakseling mei de Amerikaanske oerheidsburokrasy wist de Little River Troep yn 1994 einlings syn erkenning werom te winnen. Sadwaande waard op 21 septimber 1994 troch it Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken foar de stamme it eigen Little River Yndianereservaat oprjochte.
Ekonomy en foarsjennings
bewurkje seksjeOp 3 desimber 1998 sleat it steatsregear fan Michigan (yn 'e persoan fan gûverneur John Engler) in oerienkomst mei de Little River Troep, wêrby't de steat tasei en stean kânsspullen ta op it grûngebiet fan it Manistee Reservaat, nettsjinsteande dat dêrop yn 'e rest fan 'e steat in ferbod fan krêft is. Ornaris is it sa dat reservaatlân dochs al net ûnder steatswetjouwing falt, en sokke steatsferbodden op it organisearjen fan kânsspullen dêr net jilde. Mar dat is inkeld sa by reservaten dy't al bestiene doe't yn 1988 de Wet op 'e Regulaasje fan Yndiaanske Kânsspullen oannommen waard. Jongere reservaten, lykas Manistee, falle dêr dus net ûnder.
Mei de oerienkomst fan 1998 yn 'e hân, sette de Little River Troep yn it Manistee Reservaat lykwols útein mei de bou fan in eigen kasino, it Little River Casino and Resort, dat yn 1999 iepengie. Sûnt is it ferskaten kearen útwreide, oant it in flieroerflak fan goed 7.000 m² hie. It kompleks omfiemet û.m. in lúks hotel mei 292 keamers, in skouboarch mei 1.700 sitplakken en in grut tal gokautomaten en rûlette- en blackjack-tafels.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |