Many Bloody Returns

Many Bloody Returns is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redaktrises en skriuwsters Charlaine Harris en Toni L.P. Kelner. De titel betsjut "In Protte Bloedige Weromkearen", mar ek "Noch in Protte Bloedige Jierren Derby". Many Bloody Returns omfettet 13 koarte ferhalen fan it fantasysjenre dy't allegear wat mei fampieren en jierdagen te krijen hawwe. De ferhalen binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Harris sels, P.N. Elrod, Jim Butcher en Tanya Huff. Alle ferhalen út Many Bloody Returns waarden yn dizze bondel foar it earst publisearre, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. Many Bloody Returns waard yn 2007 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books.

Many Bloody Returns
algemiene gegevens
auteur Charlaine Harris en
Toni L.P. Kelner (red.)
taal Ingelsk
foarm ferhalebondel
sjenre fantasy
1e publikaasje 2007, New York
oarspr. útjwr. Ace Books
kodearring
ISBN 978-0 44 10 15 221

Ferhalen bewurkje seksje

  1. Charlaine Harris, Dracula Night (ûnderdiel fan 'e Sookie Stackhouse-rige)
  2. Christopher Golden, The Mournful Cry of Owls
  3. Bill Crider, I Was a Teenage Vampire
  4. Kelley Armstrong, Twilight (ûnderdiel fan Women of Otherworld)
  5. Jim Butcher, It's My Birthday, Too (ûnderdiel fan The Dresden Files)
  6. P.N. Elrod, Grave-Robbed (ûnderdiel fan The Vampire Files)
  7. Rachel Caine, The First Day of the Rest of Your Life (ûnderdiel fan The Morganville Vampires)
  8. Jeanne C. Stein, The Witch and the Wicked
  9. Tanya Huff, Blood Wrapped (ûnderdiel fan The Blood Books)
  10. Carolyn Haines, The Wish
  11. Lyda Morehouse (pseudonym: Tate Hallaway), Fire, Ice and Linguini for Two (ûnderdiel fan 'e Garnet Lacey-rige)
  12. Elaine Viets, Vampire Hours
  13. Toni L.P. Kelner, How Stella Got Her Grave Back

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Harris, Charlaine, en Kelner, Toni L.P., (red.), Many Bloody Returns, New York, 2007 (Ace Books), ISBN 978-0 44 10 15 221.