Marc Willem du Tour van Bellinchave
Marc Willem baron du Tour van Bellinchave (Ljouwert, 29 july 1835 - Gorssel, 26 july 1908) wie in Nederlânsk politikus.
Hy wie in konservative Haachse politikus fan Fryske komôf dy't yn de Hofstêd gemeenteriedslid en wethâlder wie. Typyske let-njoggentjinde-iuwske regint mei ferskate funksjes yn de finansjele wrâld, de hofhâlding en op maatskiplik gebiet. As minister fan Justýsje fierde hy it nije Wetboek fan Strafrjocht yn en brocht hy de Begjinselewet finzeniswêzen ta stân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |