Marek Špilár (Stropkov, 11 febrewaris 1975 - Prešov, 7 septimber 2013) wie in Slowaaksk fuotballer. Hy spile as sintrale ferdigener fan 2002 oant 2005 by de Belgyske fuotbalclub, Club Brugge.

Marek Špilár
persoanlike bysûnderheden
namme Marek Špilár
nasjonaliteit Slowaaksk
bertedatum 11 febrewaris 1975
berteplak Stropkov
stjerdatum 7 septimber 2013
stjerplak Prešov
klupskiednis
posysje ferdigener
jeugdteams
1984-1994 MŠK Tesla Stropkov
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
1994-1995
1995-1997
1997-2000
2000-2001
2001-2002
2003-2005
2006-2007
Petra Drnovice,
Tatran Prešov
1. FC Košice
Baník Ostrava
Sigma Olomouc
Club Brugge
Nagoya Grampus Eight
2(0)
53(6)
75(3)
30(0)
8(0)
32(0)
24(1)
nasjonaal team
1997-2002 Slowakije 30(0)

Špilár kaam yn totaal tritich kear út foar it Slowaakske nasjonale alvetal. Hij makke syn debút foar it nasjonale alvetal op 2 febrewaris 1997 yn in freonskippelike westriid yn Cochabamba tsjin Bolivia. Slowakije wûn de wedstriid mei 1-0 troch in doelpunt fan Jozef Kožlej. Ek doelman Miroslav König, en middenfjilder Igor Demo, makken yn die wedstriid harren debút foar Slowakije. Špilár syn lêste ynterlân wie yn 2003. Špilár syn lêste profclub wie it Japanske Nagoya Grampus Eight Dêr't er it seizoen 2006-2007 foar spile.

Marek Špilár ferstoar op 7 septimber 2013, yn 'e âldens fan 38 jier nei't er himsels te koart dien hie.

Slowaaksk fuotbalalvetal
Perioade Wedstriden Doelpunten
1997 11 0
1998 12 0
1999 1 0
2000 0 0
2001 0 0
2002 6 0
Totaal 30 0

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: