Maria Francesca Rossetti
Maria Francesca Rossetti (Londen, 17 febrewaris 1827 - dêre, 24 novimber 1876) wie in Ingelsk skriuwster en literatuerkritika.
Maria Rossetti wie in dochter fan de dichter Gabriele Rossetti, oarspronklik fan Itaalje, en de âldste suster fan de skriuwers William Michael Rossetti en Christina Georgina Rossetti en fan dichter en keunstskilder Dante Gabriel Rossetti.
Christina droech har gedicht Goblin Market op oan har suster.
Rosetti har boek The Shadow of Dante: Being an Essay Towards Studying Himself, His World, and His Pilgrimage ferskynde yn 1871. Letter yn har libben waard Maria Anglikaanse non. Sy kaam te hôf op Brompton Cemetery yn it westen fan Londen.