Maribo
Maribo is in plak en in eardere gemeente yn Denemark. It plak leit op it eilân Lolland en foarmet diel fan 'e gemeente Lolland.
Maribo | ||
Østergade | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Denemark | |
Regio | Seelân | |
Gemeente | Lolland | |
Sifers | ||
Ynwennertal | plak: 5.734 (2023) | |
Oerflak | 154,02 km² | |
Befolkingsticht. | 37 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | DK-4930 | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Koördinaten | 54° 46'N 11° 30'E | |
Offisjele webside | ||
maribo.dk | ||
Kaart | ||
Gea
bewurkje seksjeMaribo leit by ferskillende marren. Noardlik fan 'e stêd leit de Nørresø en súdlik de Søndersø. Mei 852 hektare is de Søndersø de grutste mar op Lolland. De Søndersø hat mear eilannen dan hokker mar yn Denemark ek. Dêrûnder falle de eilannen Fruerø, Hestø, Præstø, Borgø, Lindø, Askø en Worsaaes. Se binne ûnderdiel fan it Naturpark Maribosøerne, it nasjonale park dêr't ek Maribo, Holeby, Sakskøbing en Nysted by hearre.
Skiednis
bewurkje seksjeOp it plak dat eartiids Skimminge hiet krigen de Birgittinessen in stik grûn fan keninginne Margrete I om dêr mei help fan it kleaster Vadstena in dûbelkleaster te bouwen. Yn 1416 wie it kleaster foltôge.
Fan Erik fan Pommeren krige it plak stedsrjochten en wat letter waard de namme Skimminge feroare yn Maribo waard, itjinge 'wenplak foar Marije' betsjut
Fanwegen de net sa geunstige lokaasje koe it plak him net rjocht ta in hannelsplak ûntwikkelje, mar it kleaster soe ien fan 'e belangrykste kleasters fan it lân wurde. Nei de Deenske reformaasje yn 1536 waard it kleaster in konvint foar aadlike froulju. Nei't de âlde stedstsjerke ôfbaarnde waard de kleastertsjerke ek de parochytsjerke fan Maribo. De dochter fan kening Kristiaan IV, Leonora Christina Ulfeldt, wie mooglik wol de meast ferneamde bewenner fan it kleaster. Yn 1685, nei't hja fanwegen heechferried in finzenisstraf útsitten hie fan 21 jier, waard hja út de Blåtårn (Blaue Toer) frijlitten en brocht hja har lêste jierren yn it doe al ferfallen kleaster troch. Hja waard nei har dea byset yn 'e krypte fan 'e tsjerke, oant har lichem al rillegau nei de bysetting ferwidere waard. Fan 'e kleastergebouwen binne allinne ruïnes oerbleaun.
Yn 1803 waarden de eilannen Lolland en Falster, dy't earder by it lutherske bisdom Fún hearde, yn in apart bisdom ûnderbrocht. De parochytsjerke krige de status fan in domtsjerke, dy't no bekend stiet as de domtsjerke fan Maribo.
Nei de weryndieling fan 2007 waarden de gemeenten Holeby, Højreby, Maribo, Nakskov, Ravnsborg, Rudbjerg en Rødby gearfoege ta de gemeente Lolland.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Eastlik fan 'e stêd: It lângoed Engestofte Gods
- Noardlik fan 'e stêd: Knuthenborg Safaripark
Musea
bewurkje seksje- Stiftsmuseum
- Iepenloftmuseum De Gamle Huse ('De Alde Hûzen')
- Klosterruinen ('Kleasterruïnes)
- Maribo Bunker- og Militærmuseum
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|