Domtsjerke fan Maribo

De Domtsjerke fan Maribo (Deensk: Maribo Domkirke) is de domtsjerke fan it lutherske bisdom Lolland-Falster.

Domtsjerke fan Maribo
Lokaasje
lân flagge fan Denemark Denemark
Regio Seelân
plak Maribo
adres Klostergade 33
koördinaten 54° 46' N 11° 30' E
Tsjerklike gegevens
bisdom Lolland-Falster
patroanhillige Marije, Sint-Birgitta
Arsjitektuer
boujier 15e iuw
boustyl Gotyk
Webside
Hiemside bisdom
Hiemside domtsjerke
Kaart
Domtsjerke fan Maribo (Seelân)
Domtsjerke fan Maribo
 
Tombe fan Margrete Urne, abdis fan 1562 oant har dea yn 1582

Yn 1416 stifte de abt fan it kleaster Vadstena yn Sweden in Birgittynsk kleaster op it eilân Lolland yn it eartiidske doarp Skimminge, dat letter Maribo neamd waard. Keninginne Margareta I soarge foar it jild foar de bou fan in kleaster en tsjerke. De bou soe oant yn 'e 16e iuw duorje. Fan de kleastergebouwen binne allinne noch ruïnes oer, mar de kleastertsjerke stiet der noch jimmeroan en is hjoed-de-dei de domtsjerke fan it bisdom Lolland-Falster

De âldste dielen fan 'e tsjerke besteane út it koer en de earste fjouwer westlike traveeën (foltôge yn 1446) fan 'e tsjerke, dy't fan 'e selde bakstien boud binne. Yn 'e twadde helte fan 'e 15e iuw waard de tsjerke nei it easten ta langer makke en tagelyk waard de westlike gevel mei tije spitbôgige ramen foltôge. De slanke westlike toer waard oarspronklik yn 'e 16e iuw boud, mar letter ôfbrutsen en yn 1891 yn it ramt fan in restauraasje werboud.

Neffens de ideeën fan Sint-Birgitta wie it mooglik dat nonnen en muontsen spiritueel yn in mienskip libje koene, mar net fysyk. Dêrom waard de tsjerke sa boud, dat de nonnen en de muontsen troch in muorre fan inoar skieden wiene en de religieuzen elts in eigen koer hiene.

Yn 'e tsjerke binne noch oantinkens oan it katolike ferline te finen, lykas in wijreekfet, in abtshoed en in tsjelk mei gravearre foarstellings fan it lijen fan Kristus, mooglik skonken troch Margretha I.

Nei de reformaasje yn 1536 waard it kleaster sletten. Oant 1621 funksjonearre it noch as in protestantsk konvint foar aadlike froulju. Yn dy tiid waard de tsjerke al brûkt as de parochytsjerke fan Maribo. Mei't de âlde tsjerke fan de stêd yn 1596 ôfbaarnde waard de tsjerke nammentlik oerdroegen oan de stêd.

Yn 1803 waard it bisdom Lolland-Falster stifte, mar it duorre noch oant 1924 dat de eardere kleastertsjerke de status fan domtsjerke krige.

 
Alter

It barokke alter út 1641 is in wurk fan 'e byldhouwer Henrik Werner út Noard-Dútslân. Sintraal wurdt tusken pylders it Lêste Nachtmiel útbylde. Dêrûnder is Kristus te sjen yn 'e hôf fan Gestsemane en boppe de opstanning fan Kristus. Ek binne bylden fan 'e fjouwer evangelisten te sjen.

It sânstiennen doopfont datearret fan 1777. Op de renêssânse preekstoel út 1606 wurde op fiif panelen de evangelisten en Kristus toant. De foet mei de evangelisten yn reliëf is lykwols âlder en fan in ier 17e-iuwsk doopfont.

It krúsbyld fan 'e koerbôge hat in ein 15e-iuwske korpus. It krús sels is net sa âld.

It Augustinus-alter datearret út it ein fan 'e 15e iuw en toant it byld fan Sint-Augustinus yn biskopsklean, flankearre troch skilderijen fan de hillige Trije-ienheid, de Gregoarius-misse, de Ferkundiging en Sint-Anne.

Fan belang is ek it Birgitta-alter út it ein fan 'e 15e iuw, mei in skilderij fan in frou dy't mooglik Sint-Birgitta of de Jongfaam Marije foarsteld. It doek is yn in kast mei twa doarren yntegrearre en it soe nei alle gedachten it âldste skilderij op doek fan Skandinaavje wêze.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer wat de ynrjochting oanbelanget, sjoch: op dizze side.