Marie Popelin (Schaarbeek, 16 desimber 1846 - Brussel, 5 juny 1913) wie in Belgyske foarfjochtster fan de frouljusrjochten. Sy krewearre mei Isabelle Gatti de Gamond foar ûnderwiis foar famkes en waard sels de earste froulike doktor yn de rjochten.

Marie Popelin

Mei 37 jier sette hja yn 1883 úten mei har rjochtestúdzje oan de Université libre de Bruxelles. Nei har ôfstudearjen frege hja yn 1888 tagong ta it berop fan advokaat oan de baly fan Brussel. It Hof fan berop fersmiet har fersyk lykwols op 12 desimber 1888 mei arguminten oer de natuer fan de frou en har sosjale rol. Popelins kassaasjeberop waard ôfwiisd mei it argumint dat de wet soks net regele. De 'saak Popelin' krige in soad omtinken en wie wichtich yn de bewustwurding fan it feminisme.

Yn 1892 stichte Popelin de Ligue belge du droit des femmes ('Belgyske Liga foar Frouljusrjochten'), ûnder oaren yn 'e mande mei Isala Van Diest, de earste Belgyske froulike dokter. It troch har yn 1897 yn Brussel organisearre Internationaal Feministisch Congres joech fral byfal yn it bûtenlân. Yn 1905 stichte hja de Belgyske ôfdieling fan de Conseil international des femmes, de noch altyd besteande 'Nasjonale Frouljusried'.

  • Marie Popelin waard stipe yn har striid troch de publikaasjes fan de Brusselske abbekaat Louis Franck (1864-1917).
  • Denise De Weerdt, En de vrouwen?, Masereelfonds, Brussel, 1980

Keppelings om utens

bewurkje seksje