Marie Tångeberg (famkesnamme Siewertsen, 8 oktober 1924 yn Marienkoog) is in pedagooch, skriuwster, en Frysk beweger. Hja is bekend wurden troch har wurk foar de Risum Skole/Risem Schölj (Risum skoalle), dêr't sy it Noardfrysk as ynstruksjetaal ynfierde yn har funksje as skoalliedster.[1] Marie Tångeberg hat neist har skoalwurk ek ferskate boeken yn it Noardfrysk skreaun.

Skoalle yn Risum

bewurkje seksje

Yn 1956 waard Marie Tångeberg skoalliedster yn Risum. Hja makke wurk fan de lessen Noardfrysk en brûkte de taal ek safolle mooglik by oare skoalfakken. Fiif jier letter fierde hja it Noardfrysk yn as ynstruksjetaal. Foar it brûken fan it Noardfrysk as ynstruksjetaal op skoallen wienen gjin juridyske regels of wetten fêstlein. De Deenske skoalferiening en it Dútske bewâld lieten de skoalle yn Risum fierders gewurde. Yn de earste jierren op skoalle krigen de bern inkeld noch Noardfrysk as ynstruksjetaal. De skoalfakken Deensk en Dútsk kamen dêr yn de tredde en fjirde klasse by. Yn de santiger jierren wie it dien mei it Noardfrysk as ynstruksjetaal by alle skoalfakken. Der wienen net mear genôch bern dy't de taal meikrigen as memmetaal en de betingsten fan de skoallen yn it fuortset ûnderwiis waarden aloan skerper.[2]

Friisk Foriining

bewurkje seksje

As foarsitter fan de Friisk Foriining wie se yn 1990 dwaande mei it juridysk fêstlizzen en it erkenne litten fan de Fryske minderheid yn de grûnwet fan de dielsteat Sleeswyk-Holstein.

Neist har kulturele wurk foar it Noardfrysk hat Tångeberg ferskate boeken skreaun. It boek Föögle önj Nordfraschlönj ferskynde yn 1992. Yn 1995 hie se Söl önj bile an tääle (Sal yn byld en fertellingen) klear. Yn it jier 2000 makke sy it populêre learboek Lees an liir frasch önj hüüse an schölj wrâldkundich. Dêrneist die sy oersetwurk. Yn 1993 sette se in wurk fan Astrid Lindgren oer nei it Noardfrysk, te witten Eemil Foon Lönebärj. Yn it jier 2000 ferskynde Wiike wiiking. Har lêste publikaasje, Foon boole an swåmpe, ferskynde yn 2006.

Yn 1995 krige se de Hans-Momsen-Preis, in priis dy't neamd is nei de Fryske wiskundige Hans Momsen. Fjouwer jier letter krige se de Bundesverdienstkreuz am Bande, in priis fan it Dútske regear.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Geburtstagsempfang zu Ehren von Marie Tångeberg op de webside fan de Friisk Foriining
  2. Skiednis fan de Risum skoalle