Marienmünster is in stêd yn it easten fan Westfalen yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. Marienmünster ûntstie yn 1970 yn it ramt fan in gemeentlike weryndieling en heart ta de kreis Höxter. De stêd waard ferneamd nei de eardere benediktynske abdij Marienmünster noardlik fan Vörden, dy't yn de 12e iuw stifte waard. Der wenje likernôch 5.000 minsken yn Marienmünster, dat in oerflak fan 64 km² beslacht. It stedsbestjoer en oare gemeentlike ynstellings lykas bygelyks skoallen binne te finen yn Vörden, dat lytser is dan it oanbuorjende Bredenborn, mar in sintralere lizzing as foardiel hat.

Marienmünster
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Noardryn-Westfalen
Regierungsbezirk Detmold]
Kreis Höxter
Sifers
Ynwennertal 4.902 (31-12-2019)
Oerflak 76 km²
Befolkingstichtens 64,36 /km²
Hichte 257 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.marienmuenster.de

Marienmünster leit yn it noardeasten fan Noardryn-Westfalen yn it in Teutoburgerwâld/Natoerpark Eggegebirge. De stêd leit yn it kreis Höxter, it meast eastlike distrikt fan it kreis yn it Weserberchlân.

Troch Marienmünster streame de rivierkes de Niese en de Brucht.

It lânskip fan Marienmünster is heuveleftich, piken en deltes wikselje inoar op lytse skaal ôf. It heechste punt leit súdeastlik fan de Bremerberg op likernôch 340 meter, it leechste punt leit by it ferlitten fan de Niese út it gemeentlike gebiet op likernôch 162 meter.

 
  • Altenbergen
  • Born
  • Bredenborn
  • Bremerberg
  • Eilversen
  • Großenbreden
  • Hohehaus
  • Kleinenbreden
  • Kollerbeck
  • Löwendorf
  • Münsterbrock
  • Papenhöfen
  • Vörden

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side