Abdij Marienmünster
De Abdij Marienmünster is in earder benediktynsk kleaster yn Marienmünster yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. It kleaster waard yn 1803 opheft, mar tusken 1965 en 2014 wennen dêr wer pasjonisten, dy't de sielsoarch fan katoliken yn 'e omlizzende parochy's fersoargen. Tsjintwurdich is de tsjerke in gewoane parochytsjerke.
Abdij Marienmünster | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
plak | Marienmünster | |
adres | Abtei Marienmünster 6 | |
koördinaten | 51° 49' N 9° 12' E | |
Kleastergegevens | ||
oarde | Benediktinen | |
oprjochting | 1128 (wijing), 1965 | |
opheffing | 1803, 2014 | |
patroanhillige | Marije, Jakobus de Aldere | |
Ynformaasje bou | ||
boustyl | Romaanske, barokke en neo-romaanske arsjitektuer | |
Webside | ||
Side fan de parochy | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeNei't Widekind I greve fan Schwalenberg waard, stifte er mei syn frou Lutrud fan Itter op oantrunen fan syn neef of sweacher, biskop Bernhard I fan Paderborn, de abdij. Hja joegen tegearre mei de boarch fan harren foarfaars, de Oldenboarch, stikken lân oan it kleaster sadat de muontsen harren sels rêde koenen. Ek lieten hja in kleastertsjerke en oare gebouwen sette. Op 15 augustus 1128, op it feest fan Marije-Himelfeart, wijde de biskop fan Paderborn it kleaster en de tsjerke ta eare fan de Hillige Jongfaam, de apostel Jakobus de Aldere en de hillige Kristoffel yn. De earste abt waard Gerhard en tolve muontsen út de benediktynske abdij fan Corvey krigen de opdracht om it pastorale wurk op harren te nimmen.
Yn 'e 12e en 13e iuw makke it kleaster in grutte bloei troch, mar tsjin 'e ein fan 'e 13e iuw, doe't it lân sûnder keizer siet, rekken de omkriten fan 'e abdij troch teheistering ferlitten en leech. De abt Herman liet troch de bou fan in boarch yn Vörden en Bredenborn (tsjintwurdich stedsdielen fan Marienmünster) it kleaster befeiligje.
Oant twa kear ta waard yn 'e Tritichjierrige Kriich it kleasterkompleks troch troepen fan Kristiaan fan Braunschweig-Wolfenbüttel oerfallen en plondere. Hessyske en Sweedske troepen leine it kompleks fan 1641 oant 1646 yn 'e jiske. De weropbou fan 'e tsjerke fûn fan 1661 ôf plak. Boumaster Ludwig Baer soarge foar de tekeningen en liet fan 'e eardere romaanske basilyk in halletsjerke bouwe. Ek waard in nij barok koer boud.
Tusken 1756 en 1763 kaam it yn 'e Sânjierrige Kriich op 'e nij ta geweld. Troepen namen it kleaster yn, hûsmannen dêr om en makken letter renovaasjes needsaaklik. Yn 1760 plonderen de troepen fan Braunschweig en Hannover it kleaster en brûkten it as hynstestâl. Om it kleaster hinne kaam it in jier letter ta in slach tusken de troepen, itjinge de kleastergebouwen slim skansearre. Doe't de oarloch foarby wie, wie it kleaster ruinearre en hie it gjin bestean mear.
De kleastertsjerke tsjinne sûnt it begjin ek as parochytsjerke foar de omlizzende doarpen.
Nei de sekularisaasje op 31 maart 1803 gyngen tsjerke en kleaster oer yn it besit fan it keninkryk Prusen. De 39 muontsen waarden fuortstjoerd en nei de oerdracht waard de ynventaris mei alle keunstwurken en de bibleteek feild. De kleastergebouwen waarden, bûten de tsjerke en in fleugel fan in gebou, ferkocht oan in katolyk en in protestant (elts foar 50%), dy't der in buorkerij fan makken. De parochy bleau lykwols ek nei opheffing fan it kleaster bestean en dêrom mochten twa muontsen bliuwe om pastoraal wurk te dwaan. De patres fan de kongregaasje fan de pasjonisten namen yn 1967 dy pastorale soarch oer en wiene ferantwurdlik foar de omlizzende gemeenten en sikehûzen.
By in bestjoerlike weryndieling op 1 jannewaris 1970 joech de abdij de namme oan de doe út ferskate gemeenten foarme stêd Marienmünster.
De Jakobustsjerke
bewurkje seksjeDe oarpronklike abdijtsjerke waard nei 1150 yn romaanske styl boud. Dêrby gyng it om in trijeskippige basilyk mei in dwersskip, in koer en in apsis. De tsjerke hie in westwurk mei twa tuorren en in achthoekige toer boppe de krusing. Ut dy tiid binne allinne it midden- en dwersskip en it ûnderste diel bewarre bleaun.
Yn 'e 17e iuw waard de tsjerke foar in grut part ferboud. De basilyk waard sûnt 1661 yn in halletsjerke feroare, de krusingsstoer waard yn 1679 ferhege en krige in barokke bekroaning. It koer fan ien travee waard nei it easten ta ferlinge oant trije traveeën, dêr't yn 1700 noch in sakristy oan tafoege waard.
Yn 'e jierren 1854-1855 waard it súdlike skip en de beide westlike tuorren yn neo-romaanske styl fernijd. It foarbyld dêrfoar wie de Sint-Kiliaantsjerke yn Höxter.
Under it rike barokke ynterieur hearre it heechalter en twa sydalters, dy't yn 'e jierren 1680 boud binne troch Paul Gladbach. Tusken 1956 en 1966 binne de alters restaurearre.
It oargel waard yn 'e jierren 1736-1738 boud troch Johann Patroclus Möller. It 42 registers tellende ynstrumint waard mei de restauraasje yn 2010-2012 safolle mooglik yn 'e oarspronklike steat werom brocht.
Hjoeddeisk gebrûk
bewurkje seksjeTsjintwurdich is de abdij ek fanwegen in fereare genedebyld fan Marije fan Smerten noch in erkend beafeartsplak. De eardere kleastertsjerke funksjonearret as de lokale parochytsjerke.
Om't de oanwaaks fan nije leden fan 'e oarder útbleau moasten de fiif lêste pasjonisten de abdij yn it begjin fan 2014 ferlitte. Nei in renovaasje fan 'e wenferbliuwen waarden dy troch in de preester yn gebrûk nommen, mar dy hat de abdij ein 2016 wer ferlitten. It is it doel dat meardere preesters fanút dy lokaasje wurkje sille.
Oant yn 'e 20e iuw waard it kleaster brûkt as buorkerij. Yn 2006 waard de Kulturstiftung Marienmünster oprjochte, dy't dielen fan 'e buorkerij feroare yn in foarmings- en moetingssintrum mei in musikaal aksint. Trije grutte gebouwen dy't earder as skuorre brûkt waarden, binne sûnt 2007 ferboud. Yn 'e romten wurde útstallings en konserten organisearre. Ek is bûten de kleastermuorren in besikerssintrum iepene.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Abtei Marienmünster
|