Marije-Himelfeartkatedraal (Omsk)

De Katedraal fan 'e Himelfeart fan 'e Hillige Jongfaam Marije (Russysk: Собор Успения Пресвятой Богородицы; Sobor Uspenija Presvjatoi Bogoroditsy), ek: Uspenski-katedraal, is in Russysk-otterdokse tsjerke yn 'e Sibearyske stêd Omsk, Ruslân.

Marije-Himelfeartkatedraal
Богородицкий собор
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Omsk
plak Omsk
adres Sobornaja plosjtsjad
koördinaten 54° 59' N 73° 22' E
Arsjitektuer
arsjitekt Ernest Würrich
boujier bou 1891-1898
weropbou 2005-2007
sloopjier 1935
boustyl Neorussyske styl
Webside
omsk-sobor.ru
Kaart
Marije-Himelfeartkatedraal (Ruslân)
Marije-Himelfeartkatedraal
 
De katedraal yn 1905.

De earste stien foar ien fan 'e grutste tsjerken fan Sibearje waard yn 1891 lein troch tsarevitsj Nikolaas. It ûntwerp wie ôfkomstich fan Ernest Würrich, in arsjitekt út Sint-Petersburch, dy't him ynspirearje liet troch de Tsjerke fan de Ferlosser op it Bloed. Nettsjinsteande dat hie de katedraal in hiel eigen karakter en waard der by de bou wol 30 ûngelikense kleuren stien brûkt. De katedraal kaam op in grut plein te stean en oan 'e klokketoer slute in tsjerke mei fiif koepels oan, wêrfan ien foarse hege sintrale koepel. Op 9 septimber 1898 waard de katedraal troch de earste biskop fan it nij oprjochte bisdom Omsk ynwijd.

Nei de Oktoberrevolúsje

bewurkje seksje

Nei de revolúsje begûn de ferfolging fan religy yn it lân. Mei it Dekreet fan de Skieding fan Tsjerke en Steat en Underwiis fan de Tsjerke (Russysk: Декрет об отделении церкви от государства и школы от церкви) waard it fûnemint lein foar in ateïstysk lân. Ek yn Omsk ûntkaam de Tsjerke net oan ferfolging, leauwenden waarden ferhindere de katedraal binnen te gean en prysters waarden arrestearre, nei't hja in prosesje organisearren. Foar koarte tiid wie de tsjerke wer frij doe't yn 1919 it leger fan 'e Witen Omsk feroveren, mar nei't de bolsjewiken Omsk wer ynnamen waard aartsbiskop Silvester fermoarde en de katedraal oerdroegen oan fernijers, dy't loyaal wiene oan 'e Sovjets. Yn 1923 waard de tsjerke definityf sletten en it gebou bleau no foar lange tiid leech stean. De katedraal waard yn 1933 fan weardefol materjaal plondere en nei't bliken die dat de akûstyk fan 'e katedraal net tarikkend wie om it yn in operagebou te feroarjen, foel yn 1935 it beslút om it gebou op te blazen. It frijkommen boumaterjaal soe wer brûkt wurde foar de bou fan it regionale Folkskommisariaat fan Ynlânske Saken, mar nei it opblazen fan de katedraal die bliken dat de stiennen net mear geskikt wiene foar wergebrûk. De fûneminten fan 'e tsjerke waarden letter brûkt om dêr in fiver yn oan te lizzen.

De rekonstruksje

bewurkje seksje
 
It fjoerwurk by de katedraal op 15 july 2007.

Op it plak fan de yn 1935 ferwoastge katedraal waard yn 1999 in krús delset. Yn 2005 waard it beslút nommen om de katedraal wer op te bouwen. Fuort dêrnei begûn it útgraven fan 'e fûneminten. By it wurk ûntdutsen argeologen yn in net bekende romte ûnder de grûn by tafal it oerskot fan 'e fermoarde aartsbiskop. De bou fan de rekonstruksje fan 'e tsjerke sette yn 2006 útein.

Op 15 july 2007 wie it safier dat de foltôge katedraal ynwijd wurde koe en it middelpunt wie fan in grut feest mei fjoerwurk. In moanne letter waard besletten it plein by de tsjerke om te neamen yn it Katedraalplein.

De reliken fan 'e fermoarde en yn 1998 troch it Moskouse Patriargaat hillich ferklearre aartsbiskop Silvester waarden yn 2009 yn in skryn yn 'e katedraal byset.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Marije-Himelfeartkatedraal, Omsk fan Wikimedia Commons.