Marije-Himelfearttsjerke (Moskou-Kitaj Gorod)

De Tsjerke fan de Untsliepenis fan de Mem Gods (Russysk: Церковь Успения Пресвятой Богородицы) is in otterdokske parochytsjerke yn Moskou. De tsjerke stiet yn it distrikt Kitaj-Gorod yn it sintrum fan Ruslân's haadstêd en waard boud yn de 17e iuw. It adres fan de tsjerke is Nikolaskaja Ulitsa 8, mar it gebou giet skûl achter bebouwing en is fan de strjitte ôf net te sjen.

Marije-Himelfearttsjerke

Богородицкая церковь

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 45' N 37° 37' E
bysûnderheden
boujier 1691
boustyl Barok
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 771410299380006

Skiednis Bewurkje

De tsjerke waard oarspronklik op it plak fan in âldere kapel boud troch de bojaar Michail Saltykov, dy't werom kaam fan syn ferballing en de tsjerke as in hûstsjerke by syn hûs liet bouwe. De tsjerke waard wijd oan de mirredragers en stie oarspronklik midden op in binnenhôf.

Sûnt 1803 waard de tsjerke in filiaaltsjerke fan de yn 1934 ôfbrutsen Tsjerke fan de Trije-ienheid yn de fjilden. Yn it midden fan de 19e iuw waard de tsjerke op 'e nij in selsstannige parochytsjerke.

Under it ateïstyske rezjym fan de bolsjewiken waard de tsjerke sletten. De eardere tsjerke waard brûkt as sliepplak foar de Revolúsjonêre Militêre Ried en dêrnei oerdroegen oan it Folkskommissariaat fan de Marine. Foar in lange tiid bleau it gebou leechstean. Yn de jierren 1960-1970 krige de eardere tsjerke in kantoarbestimming en wer letter, yn 1977, naam in organisaasje it gebou yn gebrûk dy't mei wittenskip en konservaasje dwaande wie.

Yn it begjin fan de jierren 1990 waard de tsjerke werom jûn oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke en in restauraasje folge. Yn de jierren 2000 waard de tsjerke wer foar de earetsjinst iepene.[1]

Keppeling om utens Bewurkje

Boarnen, noaten en referinsjes Bewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: