Marije Cornelissen
Marije Cornelissen (Stiens, 9 maart 1974) is in Nederlânsk politika út namme fan GrienLinks. Sûnt july 2009 is hja lid fan it Europeesk Parlemint.
Libben
bewurkje seksjeCornelissen waard grutbrocht yn in links en feministysk oriïntearre hûshâlding.[1] Al mei hiel jonge jierren die hja mei oan allerhanne politike demonstraasjes, ûnder oare de demonstraasjes tsjin de oanwêzigens fan kearnwapens yn Nederlân. Sy gie nei in katolike basisskoalle en wie dêr de iennichste ateïstyske learling. Cornelissen studearre letter ynternasjonale betrekkingen oan de Universiteit Utert en spesjalisearre har yn konfliktstúdzjes.
As opsketten fanke waard Cornelissen aktyf yn GrienLinks. Tusken 1996 en 1997 wie se beliedsmeiwurker frouljusrjochten by Europeesk Parlemintariër Nel van Dijk. Dêrneis is hja aktyf yn it Feministysk Netwurk fan GrienLinks, dêr't hja foarsitten fan is tusken 1996 en 2001. Ek yn de Europeeske Griene Partij ward hja har. Tusken 1997 en 1999 koördinearrett se de dialooch tusken Grienen út East en West-Europa en fan 1999 oant 2006 is hja ôffurdige fan GrienLinks by de Europeeske Griene Partij. Tusken 1997 en 1999 wurket hja by it partijburo fan GrienLinks en 2001-2005 is se lid fan it partijbestjoer fan dy partij. Tusken 2002 en 2003 is hja ad interim as ynternasjonaal sekretaris, dêr't sy benammen dwaande wie mei it organisearjen fan opposysje tsjin de Oarloch yn Irak. Sadwaande wie hja GrienLinks-ôffurdige by it platfoarm tsjin de nije oarlocht en de International Coalition against the War in Iraq. Yn 2004 stie hja op it achste plak fan de list fan GrienLinks foar it Europarlemint, te leech om keazen te wurden.
Oant 2009 wurke Cornelissen as direkteur fan it Buro Antidiskriminaasjesaken fan Noard-Hollân Noard. Njonkendat is sy sûnt 2006 lid fan de stedsdielried Zuideramstel dêr't hja foarsitter fan is. By GrienLinks is sy lid fan de partijried sûnt 2008; dat wie hja ek yn 2005-2006.
Polityk
bewurkje seksjeAs kandidaat foar it Europeesk Parlemint yn 2009 profilearre hja har op it mêd fan sosjale saken, emansipaasje en anti-diskriminaasje. Sy pleite foar in sterke soldêrens tusken de Europeeske lidsteaten.[1][2] It partijkongres sette har op in ûnferkiesber achte plak op de list. GrienLinks krige lykwols in tredde sit, restsit, en doe waard hja dochs noch keazen. Sûnt 14 july 2009 siet hja yn it Europeesk Parlemint. Cornelissen wie lid fan de kommissy Sosjale Saken en Wurkgelegenheid en plakferfanger foar de kommisje Bûtenlânske Saken.[3] Teffens wie sy ien fan de ficefoarsitters fan de griene fraksje.
By de Europeeske Parlemintsferkiezingen fan 2014 koe Cornelissen net op 'e nij keazen wurde. Nei de polityk waard Cornelissen direkteur fan de Nederlânske tûke fan UN Women.[4]
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Eigen webside
- Even voorstellen: Marije Cornelissen, uw raadsvoorzitter, Stedsdiel Zuideramstel, 9 juny 2009
- Marije Cornelissen op de webside fan GrienLinks
- Marije Cornelissen (biografy), Elsevier, 27 mei 2009
- Presintaasje op in GrienLinks-kongres, YouTube
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|