Marije Magdalenatsjerke (Jeruzalim)
De Marije Magdalenatsjerek (Russysk: Храм Марии Магдалины) is in russysk-otterdokse tsjerke op de Oliveberch by de hôf fan Getsémané yn it eastlike diel fan Jeruzalim.
Marije Magdalenatsjerke
Храм Марии Магдалины | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Israel | |
plak | Jeruzalim | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1885-1888 | |
arsjitekt | David Grimm | |
boustyl | Russyske barok | |
offisjele webside | ||
Side fan de tsjerke |
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard boud yn opdracht fan tsaar Aleksander III en syn bruorren ta oantinken fan syn mem keizerin Maria Aleksandrovna. De tsjerke waard boud yn de styl fan de russyske barok fan de 16e en 17e iuw en hat sân fergulde sipels.
By de konsekraasje fan de tsjerke yn 1988 wiene út namme fan de tsaar gruthartoch Sergej Aleksandrovitsj en syn frou gruthartogin Elizabeth oanwêzich. De gruthartogin joech de russyske skilder Sergej Ivanov (1864-1910) opdracht om de grutte skilderijen foar de tsjerke te meitsjen oer it libben fan Marije Magdalena. Yn de ikonostase fan brûns mei wyt moarmer binne ikoanen fan de ferneamde keunstner Vasili Veresjtsjagin (1842-1904) ferwurke.
It oan de tsjerke ferbûne otterdokske kleaster leit yn de delte fan de Kidron. Yn it kleaster wennet in ynternasjonale mienskip fan otterdokske nonnen.
Bysettings
bewurkje seksjeNei't har man Sergej Aleksandrovitsj by in oanslach yn 1905 fermoarde waard stifte gruthartogin Elizabeth in kleaster en waard non. Yn 1918 waard se tegearre mei oare leden fan de keizerlike famylje troch de bolsjewiken yn in skacht smiten om dêr te stjerren. Har oerbliuwsels en dy fan suster Varvara Jakovleva waarden nei Jeruzalim brocht en yn 'e krypte ûnder de Marije Magdalenatsjerke byset. Beide nonnen waarden yn 1981 hillich ferklearre troch de Russysk-Otterdokske Tsjerke yn it Bûtelân, folge troch de Russysk-Otterdokske Tsjerke yn 1992. Yn it ramt fan dy hillichferklearring binne de reliken fan de nonnen út de krypte nei de boppe-tsjerke ferhûze.
Yn 1988 waard op har fersyk prinses Alice fan Battenberg (1885-1969), de mem fan de hartoch fan Edinburgh en troch syn houlik de skoanmem fan Elisabeth II, njonken har muoike Elisabeth begroeven.
Keppeling onm utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|