Marijke Merckens
Marijke Merckens, berne as Marijke Ouwejan (Magelang, op Java (Nederlânsk-Ynje), 3 febrewaris 1940 – Harfsen, 9 febrewaris 2023), wie in Nederlânsk aktrise en sjongster.
Marijke Merckens | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 3 febrewaris 1940 | |
berteplak | Magelang | |
stoarn | 9 febrewaris 2023 | |
stjerplak | Harfsen | |
jierren aktyf | 1963 – 2002 | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Biografy
bewurkje seksjeMerckens groeide op yn Nederlânsk-Ynje, mar trochrûn yn Nederlân it gymnasium en de toanielskoalle (yn Arnhim). Se debutearre yn it seizoen 1963/1964 by it kabaret fan Wim Sonneveld, dêr 't se twa seizoenen bliuwe soe. Nei fiif seizoenen by de Haachske Komedy wie Merckens by ferskate selskippen te sjen, mar hat se dochs benammen yn de frije sektor wurke.
Op telefyzje debutearre se as 'Toedeloe' yn de telefyzjesearje Pipo en de Waterlanders. Healwei de jierren sechtich siet se tegearre mei Trea Dobbs en Ria Valk yn de tf-magazine-shows om Rob de Nijs fan de VARA hinne. Trije shows dy't bewarre bleaun binne, ferskynden yn 2011 op dvd. Merckens bleau in soad frege foar telefyzje, net allinnich as aktrise en sjongeres, mar ek as panellid of kandidate (bygelyks yn Voor een briefkaart op de eerste rang, Een van de acht en it spulprogramma Hints). By it grutte publyk is se foaral bekend troch har rol yn de jeugdsearje De Zevensprong, wêryn't se Rosmarijn spile.
Merckens wie ek te hearren yn harkspullen, ûnder mear yn Kortsluiting ûnder rezjy fan Bert Dijkstra.
As sjongster brocht se de lietsjes De Modepop (fertaling fan Poupée de cire, poupée de son fan 'France Gall), Happy End, Mammie en Kareltje de Grote.
- Priveelibben
Merckens is de efternamme fan har beppe. Se ferstoar yn de âldens fan 83 jiernei in siikbêd.[1] Merckens wie troud mei de akteur Jacques Luijer.
Films
bewurkje seksje- Een vrouw als Eva as Sonja, buorfrou fan Eva
- Ik ben Joep Meloen as presintatrise sjongfestival
- Een vlucht regenwulpen as de mem fan Maarten
- Honneponnetje as Gerda, de mem fan Honneponnetje
Telefyzjesearjes
bewurkje seksje- Villa des Roses
- Mensen zoals jij en ik (ôflevering: Mijn Vrouw Is Het Einde) - Sonja (1982)
- De Zevensprong - juffer Rosmarijn (1982)
- Sesamstraat
- Moordspel (ôflevering: Illusie Verstoord) - Lilly Zeppalinie (1987)
- Medisch Centrum West
- Barbapapa
- Oppassen!!! - Blanche van Waveren (1993-1994)
- Ha, die Pa! - Tilly[2]
- In de Vlaamsche pot (ôflevering: Moeder wat is het koud) - Bibi (1992)
Sesamstraat
bewurkje seksjeYn Sesamstraat spriek Merckens twa karakters yn:
- Marijke
- Selma Duim
Harkspul
bewurkje seksje- Kortsluiting
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|