Marinus Adrianus Koekkoek (1873-1944)
Marinus Adrianus Koekkoek (Amsterdam, 29 jannewaris 1873 – Amsterdam, 30 maaie 1944) of M.A. Koekkoek II wie in Nederlânske tekener en skilder fan benammen bisten en fûgels. Hy kaam út de skildersfamylje Koekkoek. Syn âlde pake wie Johannes Hermanus Koekkoek (1778-1851), syn pake wie Hermanus Koekkoek (1815-1882), syn heit Willem Koekkoek (1839-1895) en syn broer wie Hermanus Willem Koekkoek (1867-1929).
Marinus Adrianus Koekkoek (1873-1944) | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1873 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 1944 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurkpaad | ||
wurksum as | tekener, keunstskilder | |
bekendste wurk(en) |
skoalplaten In ons land yllustraasjes De Vogels van Nederland | |
jierren aktyf | 1888-1944 [1] |
Skoalplaten
bewurkje seksjeKoekkoek makke de akwarellen foar rigen fan 12 skoalplaten dy't brûkt waarden by it fak 'kennis fan de natuer':
Searje In ons land | Searje Buiten ons land |
---|---|
|
|
-
In de weide
-
In sloot en plas
-
Dieren in hun omgeving - Australië
Fûgelyllustraasjes Ornithologia Neerlandica
bewurkje seksjeKoekkoek wie fan 1 jannewaris 1918 ôf oan as wittenskippelik tekener yn tsjinst fan it Ryksmuseum fan Natuerlike Histoarje yn Leien, dêr't er tweintich jier arbeide. Tusken 1922 en 1935 makke er 407 yllustraasjes foar it boek Ornithologia Neerlandica, better bekend as De Vogels van Nederland fan Eduard Daniël van Oort. Dy yllustraasjes waarden kopiearre yn The Handbook of British Birds fan Harry Forbes Witherby.
As frij keunstner skildere Koekkoek ympresjonistyske lânskippen mei fûgels en plomfee.
Ferskaat
bewurkje seksjeOm him te earjen waard e slangesoarte Typhlops koekkoeki nei him ferneamd.[2]
Keppelingen om utens
bewurkje seksje- Biografyske gegevens: Marinus Adrianus Koekkoek (II). Yn: RKD-Nederlands Instituut voor Kunstgeschiedenis
- Marinus Adrianus Koekkoek. Yn: Biografysk Portaal fan Nederlân
- Marinus Adrianus Koekkoek the Younger. Wurken fan Marinus Adrianus Koekkoek op artnet.com
- Gerrit van Hezel: Het schildersgeslacht Koekkoek en de Zuiderzee (1800 – 1956). Yn: Skoklân Museum, 11 maart 2014
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Marinus Adrianus Koekkoek (1873-1944) fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|