Marinus Laurens van de Woestijne Voerman
Marinus Laurens van de Woestijne Voerman (Zierikzee, 25 oktober 1810 – Lochem, 5 oktober 1882) wie in Nederlânsk politikus.
Hy wie flankeur by de frijwillige flankeurskompanjy Grinzer en Frjentsjerter Studinten en wie earelid fan de ôfdieling Snits fan de Feriening Het Metalen Kruis. Hy die as Jouster mei oan de Tsiendeiske Fjildtocht.[1]
Van de Woestijne Voerman troude yn 1852 mei Jacoba Geertruida Slothouwer (1806-1882) út Ljouwert.[2]
Fan 1852-1858 boargemaster fan Doanjewerstâl en fan 1857 - 1871 boargemaster fan Haskerlân. Yn syn tiid as boargemaster ferkocht syn gemeente Haskerlân stikken grûn en wetter by de Hearesleat oan Anjewier foar de oanlis fan it treinstasjon op It Hearrenfean.[3][4] Fan 1 july 1856 - 4 july 1871 wie hy lid fan Provinsjale Steaten foar de stêd Snits.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |