Maritime skiednis fan Nederlân

De maritime skiednis fan Nederlân omfiemet it ûntstean en ferrin fan de skipfeart yn de Lege Lannen. De skipfeart, benammen dy op de Eastsee, wie de basis fan de opkomst fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen yn de 17e iuw as maritime grutmacht.

Iere skiednis bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Iere maritime skiednis fan Nederlân.

Prehistoarje bewurkje seksje

 
Nederlân om 2750 f.Kr.

Yn de lette stientiid gienen de minsken de see al op. Mei de Klokbekerkultuer begûn yntinsyf kontakt oersee tusken Nederlân en Ingelân, mar ek mei de rest fan Jeropa.

Romeinske tiid bewurkje seksje

De Romeinen beskreaunen de folken: De Batavieren en Friezen wienen bedreaun op it wetter, de Friezen en Saaljers wienen seerôvers. De Angelen en Saksen gongen nei Ingelân. De Sjauken wienen fiskers. Fectio wie yn dy tiid in útfierhaven. De Romeinen fierden mei skippen libbensmiddels oan foar it leger. Mei troch de kust-eroazje moasten de Romeinen it gebiet wer ferlitte.

Fryske Ryk bewurkje seksje

Doe't yn de 3e iuw en 4e iuw it Fryske lân geregeld oerstreamd waard, leinen de Friezen harren yn it kustgebiet mear ta op de fiskerij en de hannelsfeart. De Friezen belibben hjirmei in hichtepunt mei de Noardseehannel yn de 5e iuw, wat sa bleau oant de tiid fan de Wytsingen.

Maritime skiednis fan Nederlân yn de Midsiuwen bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Maritime skiednis fan Nederlân yn de Midsiuwen.

Maritime skiednis fan Nederlân yn de Gouden Iuw bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Maritime skiednis fan Nederlân yn de Gouden Iuw.

Maritime skiednis fan Nederlân nei de Gouden Iuw bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Maritime skiednis fan Nederlân nei de Gouden Iuw.

Maritime skiednis fan Nederlân sûnt de meganisaasje bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Maritime skiednis fan Nederlân sûnt de meganisaasje.