Mark Broere is in eardere Nederlânsk follybalspiler, ek is er no sportbestjoerder.

Mark Broere
sporter
sportive ynformaasje
sport Follybal

Mark Broere begûn mei it follybal wannear't er 12 jier wie, al gau fûn er it paad nei de hegere nivo's fan Nederlân. Sa hat er ûnder oare spiler west fan follybalklups út Geldrop, Apeldoarn, Nieuwegein en Swol. Doe't er yn de Earedifyzje spile folge er de oplieding CIOS, doe't dy stúdzje ôf wie, mocht er meispilje yn de Nederlânske follybalploech. Yn de perioade tusken 1995 en 1998 hat er 81 ynterlannen spile. Nei't er ophâlden is mei de Nederlânske ploech hat Mark Broere noch fjouwer jier troch follyballe.

Nei syn aktive karriêre as follyballer waard Mark Broere sportbestjoerder, hy waard fral aktyf yn it follybal. Hy krige ferskate funksjes yn de stêd Swol, sa waard er yn 2004 Manager Team Sport Landstede. Letter waard er ek algemien manager by Stichting Topsport Zwolle. Sûnt april 2010 hat er in funksje krigen by it Nederlânsk Follybal Bûn, hy waard Manager Topsport. Hy is dêrmei ferantwurdlik foar it organisearjen fan program's fan nasjonale ploegen yn sawol it sealfollybal as it strânfollybal en it sitfollybal. Ek wurdt er ferantwurdlik foar de oplieding fan follybaltalinten en foar it better meitsjen fan de A-League en de B-League.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: