Marko Klok (Monnickendam, 14 maart 1968) is in eardere Nederlânsk sealfollybalspiler en letter ek strânfollyballer. Hy die twaris mei oan de Olympyske Spullen en wûn dêrby yn totaal ien medalje.

Marko Klok
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Marko Klok
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 14 maart 1968
berteplak Monnickendam
lingte 1.94 m
gewicht 88 kg
sportive ynformaasje
sport Follybal,
strânfollybal
O.S. Barcelona 1992,
Atene 2004
wichtige prestaasjes
1x sulver Olympyske Spullen 1992
1x goud EK 1995

De earste kear dat Marko Klok meidie oan de Olympyske Spullen wie by de Spullen fan 1992 yn Barselona. Dêr wûn de Nederlânske ploech de sulveren medalje, it die bliken dat Brazylje yn de finale te sterk wie. Wat jierren letter, yn 2004, die er foar de twadde kear mei oan de Spullen. By dy Spullen yn Atene waard de ploech njoggende fan de tolve lannen. Yn totaal hat Marko Klok 378 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.

Hy begûn syn rinbaan as follyballer by VVM'63 yn Monnickendam en spile dêrnei foar Martinus (Amstelveen), Napoli (Napels), Itaalje), Città di Castello (Itaalje), AMVJ (Amstelveen), VfB Friedrichshafen (Friedrichshafen, Dútslân), Moerser SC (Moers, Dútslân), Noliko Maaseik (Belgje), M. Roma Volley (Rome, Itaalje), Forlì (Itaalje), Ortec Rotterdam.Nesselande (Rotterdam), Fakel Novi Urengoi (Novy Oerengoj, Ruslân), Anorthosis Famagusta (Syprus) en Nea Salamina Famagusta (Limassol, Syprus).

Neist it sealfollybal hat Klok ek aktyf west yn it strânfollybal. Hy foarme in duo mei Michiel van der Kuip. Dat duo helle yn 1995 de earste Europeeske titel foar Nederlân en dat wie dan ek in grutte stimulâns foar it strânfollybal yn Nederlân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: