Marre Aksje Groep
De Marre Aksje Groep fersette him sûnt begjin 1973 tysjin it Marreplan fan Wûnseradiel en Warkum. Leden fan de groep wienen S.F. Doting, A. Ringnalda, J. Kuiper, D. Koopen. Adviseurs dêrby prof. dr. yr. W. Jappe Alberts, Yr. H. 't Hoen en dûmny M.E. Pool.
De groep belei gearkomsten, skreau ynstjoerde stikken, naam it inisjatyf ta in enkête ûnder de Warkumer befolking, hold hantekeningsaksjes en brocht it boekje Enkele kanttekeningen bij het Merenplan út, mei bydragen fan Alberts, 't Hoen en Doting.
Nei it weromnimmen fan it Marreplan troch de gemeentebestjoeren fan Wûnseradiel en Warkum waard de groep op 24 augustus 1973 opheft.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|