De Marrumer Feart is in feart yn de gemeente Ferwerderadiel. De feart rint fan de Hearreweister Feart yn de rjochting fan Marrum troch de Marrumer Mieden. By Marrum makket it wetter in bocht nei it súdeasten. Nei de Kleasterdyk hjit de feart Kontribúsjefeart.

De namme Marrumer Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Marrumervaart.