Marten Hedzers Castelein

Marten Hedzers Castelein (Wergea, 16 maart 1894 - Ljouwert, 12 augustus 1981)[1] wie in Fryske boer, propagandist foar de suvel en amateur-histoarikus.

Marten Hedzers Castelein
persoanlike bysûnderheden
echte namme Marten Hedzers Castelein
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 16 maart 1894
berteplak Wergea
stoarn 12 augustus 1981
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt Molkfeehâlder
aktyf as Amateur-histoarikus

Libben en wurk

bewurkje seksje

Marten Castelein waard berne yn Warten op 16 maart 1894. Hy kaam út in laach fan boeren, koaikers, fûgelflappers en hurdriders, skreau er ea. Hy hat noch op 'e nominaasje stien om as hurdrinner (op 'e sprint) oan de Olympyske Spullen mei te dwaan. Dat gie net troch omdat de Earste Wrâldoarloch der tusken kaam.

Fan 1894 oant 1911 wenne hy op in pleats yn Warten, die yn 1913 eineksamen 3-jierrige HBS en die yn 1916 - 1917 eineksamen koloniale lânbouskoalle te Dimter. Fan 1919 oant 1927 wie Castelein boer te Warten, wie ûnder oare haadbestjoerder fan de Jongfryske Mienskip, meiwurker fan it moanneblêd Frisia en fan it Fries Landbouwblad. Yn 1937 kaam Castelein by de ôfdieling public-relations fan de Frico en waard redakteur ‘Frico berichten’.

Letter waard Castelein redaksjelid fan Bolwerk (ILC). Hy skreau dêr ûnder oare de rubryk ‘Tuolleprakkesaasjes’, in populêre rige dy 't ek yn boekfoarm útkommen is. Fierdere bydragen levere hy oan ‘Sljucht en Rjucht’, ‘It Heitelân’ en ‘Koöperator’. Hy hat hûnderten ynliedingen hâlden.

By de Fryske Utstjoering fan de RONO fersoarge Castelein de rubryk 'It Boerelibben by âlds'. Hy fertelde dêryn oer ûnderwerpen as aaisykjen, hurdriden, rispinge en wat al net. Castelein hie in grutte bining mei alles wat him yn Mid-Fryslân ôfspile hat, seit sels dat er tige befoardiele wie dat hy yn Warten berne waard. [2]

Castelein kaam te hôf yn Warstiens.

  • Tuolleprakkesaesjes (karlêzing út de rubryk yn Bolwerk), Van der Velde, Ljouwert

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Graftombe.nl
  2. Friese Koerier, 8 april 1966