Marten van der Leest
Marten van der Leest (Stiens, 6 april 1923 - dêre, 10 maart 2008) wie in keatser út Stiens. As bynammen de ‘grimmyt’ en it kanon fan Stiens’’ keatste fan 1945 - 1957 en wûn trijeris de PC te winnen. Mei 111 finales, tritich keningskippen helle er 344 punten foar it Ivich keatsklassemint.
Marten van der Leest | ||
keatser | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bynamme | it kanon fan Stiens | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 1923 | |
berteplak | Stiens | |
stjerdatum | 10 maart 2008 | |
stjerplak | Stiens | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynfo | ||
sport | Keatsen | |
funksje | Opslager | |
debút | 1945 | |
karriêre-ein | 1957 |
As soan fan de grienteboer wûn er yn syn jeud net folle prizen.Ek troch de oarlochhat er net folle keatse kind.Syn heit wie in keatsleafhawwer en 25 jierbestjoerslid fan de pleatslike keatsferiening”De Boer”Hy slaat ôfgryslike hurd op mar de rjochting wikselt noch wolris. Syn draaiende opslachballen wienen foar in soad perkspilers min werom te slaan.
Yn 1948 wûn er syn earste PC mei Theun de Bruin en Sjouke Helfrich. Yn 1950 en mocht er de keningsbal op’e nij meinimme. Yn 1956 wûn er de partij op it Sjûkelân tsjin it partoer fan syn tsjinpoal Hotze Schuil. Letter wie Van der Leest lid fan de technyske Kommisje en waard Lid fan Fertsjinste fan de KNKB. Hy wie in hielûnthâlder dy’t fûl wie yn it keatsen.Troch de hege jildprizen dy’t der wûn wurde koenen kaam er letter lykwols minder by it keatsen te sjen. Hy wie fûl op de ‘nap’ tsjin, omdat er fûn dat dêrtroch it tuskenspul ferdwûn. Syn soan, Durk van der Leest en pakesizzer Marten van der Leest jr. wiene ek keatser.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |