Martin Bril (Utert, 21 oktober 1959Amsterdam, 22 april 2009) wie in Nederlânske kollumnist, skriuwer en dichter.

Martin Bril
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 21 oktober 1959
stoarn 22 april 2009
wurk
taal Nederlânsk
útjouwer Prometheus en Uitgeverij 521
jierren aktyf 1987-2009
offisjele webside
DBNL-profyl
www.martinbril.nl

Bril, de soan fan in handelsfertsjintwurdiger, groeide op yn Dieren, twa jier yn Drachten en 't Harde. Syn mem wie fan trettjin bern út de húshâlding Pilat yn Bûtenpost. Syn heit is berne yn Grins en waard letter plysje yn Nij Beets en Bûtenpost. Yn it âlderhûs spile it grifformearde protestantisme in grutte rol.

Sûnt 1978 studearre Bril filosofy oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy makke syn stúdzje net ôf. Dêrnei folge hy lessen senarioskriuwen oan de Nederlânske Filmakademy yn Amsterdam. Yn syn studintetiid yn Grins skreaun hy foar it blêd Nait Soez'n fan it Grinzer Studintebûn en kaam hy yn de kunde mei Dirk van Weelden. Yn Amsterdam wie er in soad yn keunstnerfermiddens dêr't ûnder oare ek skilder Rob Scholte en de lettere skriuwer Joost Zwagerman diel fan útmakken. Van Weelden en Bril foarmen sûnt 1987 in skriuwersduo en publisearren ferskate ferhalebondels. Yn dizze perioade hie Bril in alkohol-, coke-, gok- en seksferslaving. As freelance publisist wurke hy ûnder oare foar Het Parool, Vrij Nederland, NRC Handelsblad en De Morgen.

Yn 1997 skreaun hy foar Het Parool, dêr't er op dat stuit al yn tsjinst wie, in rige kollums oer it proses tsjin drugsbaas Johan 'De Hakkelaar' Verhoek. Ek yn 1997 wûn hy de Pop Parse Priis, foar in rige artikels yn Vrij Nederland oer popmuzyk. Sûnt dizze perioade waard syn produksje hieltiten grutter, wat ek kaam troch it stopjen mei it brûken fan alkohol en kokaïne. Sûnt 1998 ferskynden der alle jierren meardere boeken fan syn hân. Yn septimber 2001 ruile hy Het Parool foar De Volkskrant en skreaun dêr hast alle dagwen in kollum foar. Yn Vrij Nederland publisearre hy fan 22 desimber 2001 ôf it wyklikse feuilleton Evelien, wêrfan letter ûnder regy fan Rita Horst de telefyzjesearje Evelien makke waard. Hy publisearre yn ferskate tydskriften en ttrede mei Ronald Giphart en Bart Chabot op yn teaters. Letter wie hy faak as tafelhear fan presintator Matthijs van Nieuwkerk yn it telefyzjeprogramma De Wereld Draait Door te sjen. Dêr liet hy syn foarleafde foar de geografy fan Nederlân sjen. Yn 2006 skreau Bril it santjinde Grut Diktee fan de Nederlânske Taal. De tekst, dy't troch Bril sels foardroegen waard, stie yn it teken fan it keppelteken en befette wurden lykas beatjuggelen, guppy en caipirinha.

In jierliks weromkommend ûnderwerp yn syn kollums wie de saneamde rokjesdei, dy iene dei yn de maitiid dat alle froulju hommels en dwers in rok oanhawwe, mei dêrûnder bleate skonken. De bekendheid dy't Bril joech oan dit begryp late ta it opnimmen fan 'rokjesdei' yn de Dikke Van Dale.

Yn juny 2008 waard sloktermkanker by Bril fêststeld. Yn 2001 wie hy alris troffen troch termkanker. Hy wie in skoft út de rûlaasje mar kaam letter yn 2008 werom as kollumnist en op telefyzje by De Wereld Draait Door. Yn 2009 krige Bril de Max Pam-oeuvrepriis, takend en útrikt troch sjoernalist en skriuwer Max Pam. Wyls wie dúdlik dat hy ûngenêslik siik wie en nei maart 2009 waard syn sûnens hurd minder. Sûnt april 2009 krige hy in fêst deistich plak rjochtsûnder op de foarside fan De Volkskrant. Op 17 april wie syn lêst ferskynde kollum mei as titel "Boosheid" dêr te lêzen. Fjouwer dagen letter waard hy ûnderskieden mei de Bob den Uyl-priis foar syn boek De kleine keizer. Martin Bril koe troch syn sykte net by de útrikking wêze. Hy stoar in dei letter op 49-jierrige leeftyd.

 
Martin Bril-paviljoen op it gers oan it Amsterdam-Rynkanaal, Kanaleneiland, Utert, 2019
 
Tekst: KUNST: De kunst is zo te leven Dat het je overkomt yn Martin Bril-paviljoen, Kanaleneiland, Utert, 2019
 
Utsjoch fan Martin Bril-paviljoen, Kanale-eilân, Utert, 2019
 
Ljochtfal yn it Martin Bril-paviljoen, Kanaleneiland, Utert, 2019
  • 1987 Arbeidsvitaminen (mei Dirk van Weelden)
  • 1990 Piano en gitaar (mei Dirk van Weelden)
  • 1990 Voordewind
  • 1991 Terugwerkende kracht (mei Dirk van Weelden)
  • 1992 Home sweet home (mei Dirk van Weelden)
  • 1993 De mooiste baby van de hele wereld
  • 1994 Altijd Zomer Altijd Zondag
  • 1998 Het Tekort
  • 1998 Etalagebenen
  • 1999 Stadsogen
  • 1999 Spuigaten
  • 2000 Hollandse luchten
  • 2001 Gloriedagen
  • 2001 Evelien
  • 2001 Wereld van heimwee
  • 2001 De manipulatie
  • 2002 De Afsluitdijk en verder
  • 2002 Verzameld werk (gedichten)
  • 2002 Twee broers en een broodjeszaak
  • 2003 Grote kleine dingen (en andersom)
  • 2003 Gelukkig niet
  • 2003 Overal een rode tas
  • 2003 De Russische achterbuurvrouw
  • 2004 Het ronde land
  • 2004 Twee dochters en een reiger
  • 2004 Verzameld werk deel 2 (gedichten)
  • 2004 De Franse slag
  • 2004 Eigen benen
  • 2004 De straten van Amsterdam
  • 2005 De dag van de nieuwe haring
  • 2005 Het leed dat liefde heet
  • 2005 .nl (mei fotografen Ben Deiman en Karel Tomeï)
  • 2006 Een plek onder de zon
  • 2006 Het verdwenen kruispunt
  • 2006 De heetste dag van het jaar
  • 2007 Schitterend blauw
  • 2007 Vaders en dochters
  • 2008 Liefde, seks & regen
  • 2008 De kleine keizer
  • 2008 Tout va bien
  • 2008 Donkere dagen - nieuwe berichten uit het land
  • 2009 Mijn leven als hond
  • 2009 De tomeloze Evelien
  • 2009 C'est la vie
  • 2009 Dertig graden in de schaduw
  • 2009 Overal wonen mensen
  • 2009 Stad (beheinde oplage)
  • 2009 Traag in cirkels (poëzy, 30 eks.)
  • 2010 Jongensjaren
  • 2010 Rokjesdag
  • 2010 Vaarwel Evelien
  • 2010 Buurtgeluiden
  • 2011 Heimwee naar de provincie
  • 2011 Meisjes
  • 2011 Het evenwicht
  • 2011 Au revoir / Alle verhalen uit Frankrijk
  • 2012 Heimwee naar Nederland
  • 2012 Wat een man nodig heeft
  • 2012 Niets bewoog in Langelille
  • 2013 Man uit de verte
  • 2013 Het geluk dat gezin heet
  • 2013 De mooiste dochters van de hele wereld
  • 2014 De zon schijnt

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: