Martine Letterie
Martine Letterie (Amsterdam, 12 desimber 1958) is in Nederlânsk skriuwster fan berne- en jeugdboeken.
Biografy
bewurkje seksjeLetterie groeide op yn Voorburg. Har heit is de byldhouwer Frank Letterie. Nei de middelbere skoalle studearre se Nederlânsk yn Utert. Yn 1985 studearrre se ôf mei as haadfak Midnederlânske letterkunde. Nei har stúdzje wie se tolve jier learares Nederlânsk yn Sutfen en Doetinchem op ferskate skoaltypes. Se joech les oan in mafû, hafû, fwû, MEAO en de lêste fjouwer jier oan in PABO. Dêrneist skreau se in soad skoalboeken en wurke se mei oan Tikker en Bumper, tydskriften oer jeugdliteratuer.
Yn 1996 ferskynde har earste berneboek. En yn 1997 hold Letterie op mei lesjaan en bleau allinnich noch mar skriuwen. Se skriuwt benammen histoaryske berneboeken, dy't basearre binne op wier barde ferhalen. In searje boeken is basearre op de histoaryske figuer Bearn fan Hackfort. De boeken beskriuwe de (fiktive) bernejierren fan Bearn.
In oantal boeken fan Martine Letterie binne yn it Dútsk oerset, ûnder oaren Robin und die schwarzen Ritter, Robin und das gefährliche Turnier, Rätselhafte E-mails für Tim en Kinder mit Stern.
Yn 2018 hold Letterie de Bill Minco-lêzing.
Bibliografy
bewurkje seksjeûnder oare:
- Focke en het geheim van Magnus, Leopold, 1999
- Myn twadde Fryske Van Dale, Van Dale, 2008
- Oorlog zonder vader, Leopold, 2008
- Bommen op ons huis, Leopold, 2009
- Brugklassers!, Ploegsma, 2009 y.g.m. Karel Eykman en Caja Cazemier
- Familiegeheim, 2011, y.g.m. Caja Cazemier
- Over vroeger en nu, 50 ferhalen by de Ned.kanon, 2012 y.g.m. Agave Kruijssen en Janny van der Molen
- Keerzijde, 2014, y.g.m. Caja Cazemier
- Dwars door de storm, 2014, y.g.m. Karlijn Stoffels
- Waar is Kik, 2014 Zwijsen
- Piet en Riet hebben een geheim, 2014 Zwijsen
- Eenzaam in de oorlog, 2015 Leopold
- Melk aan een boom?, 2015 Zwijsen
- De genen van mijn vader, 2015, Prometheus, Bert Bakker
- Kinderen met een ster, 2016 Leopold, bekroand mei in Zilveren Griffel yn 2017
- Nooit meer thuis, Leopold, 2017
- Made by Indira, yn 'e mande mei Caja Cazemier, Ploegsma, 2018
- Verboden te vliegen, Leopold, 2019
- Wij waren erbij, Leopold, y.g.m. oaren, 2019
- Wij blijven bij elkaar, Leopold, 2020
- Waarom de maan verdwijnt, Leopold, 2021
- Bang in het donker, Zwijsen, 2022
- Hoor je mij?, tegearre mei Caja Cazemier, Ploegsma, 2022
- Kinderen van ver, Leopold, 2022
- De vermeende verzetsman, Omniboek, 2023
- Ze kwamen ons halen, Leopold, 2024
Keppelings om útens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Martine Letterie fan Wikimedia Commons. |