De Martinistate is in bedriuwesammelgebou oan it Martiniplein yn de binnenstêd fan Snits.

De Martinistate yn 2012

It gebou is setten yn 1981 en bestiet út fjouwer boulagen. Martinistate is eigendom fan ynvestingsmaatskippij Frisia Invest BV. Eigen foar it pân binne de fiif bôgegevels en de oerdekte wandelpromenade oan de foarkant fa it gebou.

It pân is neamd nei Maarten fan Tours, krektas it neistlizzende (Martiniplein) en tsjerke (Grutte of Martinitsjerke). Op it plak fan de Martinistate stie foarhinne de Brânwarkazerne fan Snits en it Steedlik Gymnasium.

By gelegenheid fan Kininginnedei 1993 waard it pân folslein oranje fersierd.

Oant 2010 siet it haadpostkantoar fan Snits hjir (dit is net op in oare lokaasje weriepene), en ek de redaksje fan de lokale krante Wijd & Zijd en de Leeuwarder Courant.