Martsje de Vries (Snits?, 1957?) wie in follybalster fan 1979 - 1999. Waard yn 1987 útroppen ta bêste spylster út de skiednis fan it doe 40-jierrige NeVoBo. As spulferdielster spile se mei 'Murphy's Fammen' op it EK yn Nederlân foar útferkochte sealen. Troude mei follybalcoach en Hans van Wijnen en krige mei him twa dochters, Ellen en Roos.

Hja begûn by it Dokkumer DVC dat yn 1979 Van Houten VCH út Heerlen ûnttroande as Nederlânsk Kampioen. DVC waard fiif kear op rige Nederlânsk Kampioen en einige yn 1982 yn de Europacupfinale yn it Italjaanske Ravenna as twadde efter it Russyske Sverdlovsk. Martsje hie jierrenlang in fêst plak yn it Nederlânske team dêr’t ek Carolien Keulen en Ingrid Piersma spilen.

Yn 1982 waard it team twadde yn de Europa Cup. De Russyske topcoach Karpol koe net leauwe dat se mar fjouwer oeren yn de wike trainden. Nei in ferlerne beslissingswedstriid om de titel tsjin Ubbink Orion gie De Vries oer mei har coach en lettere man nei follybalklup Avero Olympus Snits, dêr’t in profesjoneel team opsetten waard. It team wûn acht kear op rige de kampioensbeker. By DVC wie se midoanfalster. Troch in knibbelblessuere miste se it WK yn 1982 en in jier letter it EK. Dêrtroch waard se spulferdielster.

Doe't it EK yn Nederlân wie en de foarrondes yn Ljouwert trochkomd wie helle de ploech yn Arnhim in sulveren medalje. Soks wie yn dy tiid unyk yn it troch East-Europa dominearre follybal. Yn it team spilen doe ek Henriette Weersing en Ingrid Piersma. Yn 1988 kundige se har ôfskied oan, mar trochdat har plakferfangster Lisa Moor wrakke knibbels hie, gie se noch in jier troch en helle har tsiende lânstitel. Yn 1993 waard Van Wijnen ûntslein by Snits en ferstoar yn 1995.

Martsje waard letter jeugdtrainster by Snits. Mei Olof van der Meulen wie se in tiidlang belutsen by it earste team fan Snits. Yn 1987 wûn Martsje de Vries de Fryske Sportpriis. Har dochter Roos spilet yn it earste team fan Snits.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: