Maruschka Detmers
Maruschka Detmers (Schoonebeek, 16 desimber 1962) is in Nederlânsk aktrise fan Drintsk komôf.
Maruschka Detmers | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Maruschka Detmers | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 16 desimber 1962 | |
berteplak | Schoonebeek (Drinte) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
reg. identiteit | Nedersaksysk | |
jierren aktyf | 1983 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeDetmers groeide op yn 'e súdeasthoeke fan Drinte, as de dochter fan in bistedokter. Mei santjin jjier ferfear se nei Parys, om dêr as au-pair te wurkjen, en wilens aktearlessen te nimmen. Dêr waard Detmers ûntdutsen troch de Frânske regisseur Jean-Luc Godard. Hy joech har yn 1983 de haadrol yn syn film Phénom Carmen, in optreden dat har trochbraak betsjutte.
Neitiid spile Detmers benammen in protte yn Frânske en Italjaanske films. Yn 1986 feroarsake hja mei har rol yn Le Diable au Corps / Diavolo in Corpo / Devil in the Flesh, fan 'e Italjaanske regisseur Marco Bellocchio, in soad trelit troch in sêne wêryn't hja wier har manlike tsjinspiler oraal befredige, al wurdt de echtheid fan 'e bylden trouwens noch altyd yn 'e kiif steld. Behalven yn Frânske en Italjaanske films hat Detmers sûnt ek yn Amerikaanske en Nederlânske produksjes spile.
Filmografy
bewurkje seksjeIn kar:
- 1983: Prénom Carmen, fan Jean-Luc Godard
- 1984: La Pirate, fan Jacques Doillon
- 1984: La Vengeance du serpent à plumes, fan Gérard Oury
- 1986: Le Diable au corps, fan Marco Bellochio
- 1988: Y'a bon les blancs, fan Marco Ferreri
- 1988: Hannah's war, fan Menahem Golan
- 1991: Le Brasier, fan Eric Barbier
- 1992: Les Mambo kings, fan Arme Glimcher
- 1994: Elles n'oublient jamais, fan Christopher Frank
- 1995: The shooter, mei Dolph Lundgren
- 1997: Comme des rois, fan François Velle
- 1998: Rewind fan Sergio Gobbi
- 2015: Ventoux fan Nicole van Kilsdonk
Telefyzje
bewurkje seksje- 1985 : Via Mala], fan Tom Toelle, tf-rige
- 2001 : Mère, fille : mode d'emploi fan Thierry Binisti
- 2003 : Mata Hari, la vraie histoire fan Alain Tasma
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|