Matthias van Geuns

Matthias Jansz. van Geuns (Grins, 15 septimber 1758 - Haarlim, 21 novimber 1839) wie in Nederlânsk dopersk predikant en silhûettist.

Matthias Jans. van Geuns, "predikant, beroppen 1792" yn de Doperske tsjerke, Haarlim

Libben en wurk

bewurkje seksje

Van Geuns waard 1758 yn Grins berne as soan fan izerkeapman Jan Stevens van Geuns en fan Hiltje Bartels. Van Geuns waard fan 1779 oant 1782 oplaat ta predikant oan it Dopersk Seminarium yn Amsterdam. Nei it foltôgjen fan syn oplieding waard er 1783 predikant fan Makkum. Yn 1788 waard er predikant yn Harns en yn 1792 yn Haarlim. Mei in tal freonen brocht er dêr 150 sangen byinoar yn in sjongbondel, 74 dêrfan waarden skreaun troch Aagje Deken. Yn Haarlim bleau er predikant oant syn emeritaat yn 1828.

Van Geuns wie yn syn frije tiid silhûettist, knipkeunstner. Tusken 1781 en 1790 makke er fjouwerhûndert portretten, dy't yn in album bewarren bleaun binne.[1] It Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje jout dat syn wurksume perioade yn 1773 begûn en einige yn 1839, it jier fan syn ferstjerren.

Van Geuns boaske 15 augustus 1790 mei Tryntsje Kornelisdr. Sytzes út Ljouwert. Sy krigen tegearre sân bern. Har soannen Kornelis Sytze en Bartel waarden lykas harren heit dopersk predikant. Van Geuns stoar yn de âldens fan 80 jier yn syn wenplak Haarlim, dêr't nei syn emiritaat wenjen blean wie.

 
Silhûetportretten makke fan Matthias van Geuns f.l.n.r. Pieter Ymes Tichelaar, Jelmer Pieters Tichelaar, Adam Sijbel en Sara fan Woensel

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noat

  1. Pluis, Jan Fries Aardewerk - 'Kingma Makkum, s. 61, útj. Primavera Pers, Leien, 2000 Keramiek Museum