Adam Sijbel
Adam Sijbel (Amsterdam, doopt 5 april 1746 - Makkum, 24 septimber 1803) wie in Nederlânsk tegelskilder. Sijbel soarge foar nije ympulsen by it meitsjen fan siertegels yn Fryslân; boppedat joech er de toan oan foar it wurk fan it tegelfabryk yn Makkum.[1]
Biografy
bewurkje seksjeSijbel waard 1746 yn de Lutherske Tsjerke yn Amsterdam doopt as soan fan de kommandeur Davit Sijbel en fan Catharina Swart. Hy waard oplaat ta plateelskilder by it tegelfabryk D' Oude Prins yn de Jordaan. Sijbel troude 12 july 1778 yn Amsterdam mei Saartje Pietersdr. fan Woensel. Yn 1781 waard er lid fan de doperske gemeente. Om reden dat er dêr gjin takomst seach ferfear Sijbel yn 1784 nei Makkum, faaks op foarspraak fan de doperske learaar Matthias fan Geuns, dy't 1783 predikant yn Makkum wurden wie. Van Geuns koe Sijbel noch fan syn stúdzjetiid (1779-1782) yn Amsterdam. Van Geuns wenne njonken de reder, fabrikant en keapman Hylke Jans Kingma. Sijbel krige in oanstelling foar tsien jier by it tegelfabryk fan Kingma. Doe al, mar ek letter skildere er foar it diggelguodfabryk fan Tichelaar dêre. Sijbel hat foar it fabryk fan Kingma "het aanzien van het product bepaald".[2] Sijbel stoar septimber 1803 mei 57 jier yn frijwat behyplike omstannichheden yn syn wenplak Makkum.[3]
Monumintale en museale keunstwurken
bewurkje seksjeDe monumintale tegelwand mei tolve Tegeltablo's yn hotel De Prins fan Fan Sijbel (1790) is in ryksmonumint.
Wurk fan Sijbel is te finen yn ûnder oaren
- it Keramiekmuseum Princessehof yn Ljouwert
- it Frysk Museum yn Ljouwert
- it Frysk Skipfeart Museum yn Snits
- it Metropolitan Museum of Art yn New York
- de Koninklijke Musea voor Kunst en Geschiedenis yn Brussel
- it Ryksmuseum yn Amsterdam
- it Museum Warkums Erfskip yn Warkum
-
Detail fan tegelwand yn hotel De Prins yn Makkum
-
majolikapetiele mei hin
-
Tegeltablo mei de barmhertige Samaritaan
-
Tegeltablo mei in blommefaas
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten
|