Max Nord
Jacob Julius Max (Max) Nord (Gorinchem, 1 april 1916 - Amsterdam, 28 febrewaris 2008) wie in Nederlânsk dichter en sjoernalist.
Wurkpaad
bewurkje seksjeNord studearre politike witenskippen yn Parys en wurke sûnt 1938 as ferslachjouwer by Het Vaderland. Tegearre mei Menno ter Braak sette er it boek Gespräche mit Hitler fan Hermann Rauschning oer, wat harren op in oanklacht fanwege "belediging van een bevriend staatshoofd" kaam te stean. Foardat it ta in proses komme koe wie Nederlân al troch de Dútsers beset. Under de besetting wie Nord mei Wim van Norden en Simon Carmiggelt de kearn fan it yllegale Het Parool. Nei de oarloch waard Nord keunstredakteur fan dy krante. Dêrnei wie er in skoft plakferfangend haadredakteur yn it plak fan Gerrit Jan van Heuven Goedhart. Dêrnei wie er korrespondint foar Het Parool yn Parys. Yn 1987 wie er yn Lyon ta by it twa moanne duorjend proses tsjin oarlochsmisdiediger Klaus Barbie. Nord skreau in rige artikelen yn Vrij Nederland en in boek oer dy rjochtssaak. Teffens hat Nord boeken oer Albert Helman, Alexander Cohen, en Josepha Mendels skreaun, hie er de einredaksje fan ferskate boeken, en sette er ûnder oaren ferhalen fan Luigi Pirandello en gedichten fan Cesare Pavese oer yn it Nederlânsk.
Max Nord wie fierders foarsitter fan de Feriening fan Letterkundigen. Hy stoar yn de âldens fan 91 jier.
Bibliografy (karút)
bewurkje seksje- Albert Helman; een inleiding tot zijn werk (1949)
- Alexander Cohen, een andersdenkende (1960)
- De pijn om zo te leven en andere verhalen (1967; oersetting fan ferhalen fan Luigi Pirandello; mei Jenny Tuin) ISBN 9021497190
- De aarde en de dood (1989; vertaling van La terra e la morte fan Cesare Pavese) ISBN 9071855058 / ISBN 9071855066
- Klaus Barbie, een van ons (1989) ISBN 9064810826
- Josepha Mendels: portret van een kunstenaar (1991) ISBN 9011919556
- Verzen (1994; gedichten) ISBN 9069752662
- Het grote avontuur (1994; oersetting fan Le grand Meaulnes fan Alain Fournier út 1913) ISBN 9025301622
- Achterwaarts: memoires (1998; autobiografie) ISBN 9029057475