May Hill Arbuthnot Honor Lecture Award
De May Hill Arbuthnot Honor Lecture Award (ek wol koartwei de May Hill Arbuthnot Lecture neamd) is in Amerikaanske literatuerpriis en lêzing, dy't sûnt 1970 útrikt en organisearre wurdt troch de Association for Library Service to Children ("Feriening foar Biblioteektsjinsten oan Bern", ALSC), in ûnderdiel fan 'e American Library Association ("Amerikaanske Biblioteekferiening"; ALA). De priis skinkt erkenning oan in auteur of oare persoan dy't mei syn/har oeuvre of karriêre in wichtige bydrage levere hat oan de Amerikaanske berneliteratuer, en bestiet derút dat de winner dêroer in lêzing jaan mei oan in Amerikaanske universiteit foar de leden fan 'e ALSC, de ALA en oare belangstellenden. Dyselde lêzing wurdt neitiid publisearre yn Children & Libraries, it tydskrift fan 'e ALSC.
May Hill Arbuthnot Honor Lecture Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | berneboeken | |
útrikt troch | American Library Association | |
frekwinsje | 1x jiers | |
1e útrikking | 1970 | |
offisjele webside | ||
ala.org/alsc/arbuthnot |
De namme fan 'e priis/lêzing, May Hill Arbuthnot Honor Lecture Award, betsjut "May Hill Arbuthnot Earelêzingspriis". Hy is ferneamd nei de Amerikaanske bibliotekaresse en ûnderwiiskundige May Hill Arbuthnot, dy't har fan 'e 1940-er jierren ôf o sa ynsette om bern út alle lagen fan de Amerikaanske maatskippij yn kontakt te bringen mei boeken fia it medium fan 'e biblioteek. Winners kinne skriuwers wêze, mar ek resinsinten, bibletekarissen, histoarisy, ûnderwiiskundigen of oare, en hoege net beslist de Amerikaanske nasjonaliteit te hawwe. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|