Maybole
Maybole (Skotsk-Gaelysk: Am Magh Baoghail) is in plak yn de Skotske Council Area Súd Ayrshire. It doarp leit sa'n 15 km besuden Ayr, 20 kilometer benoarden Girvan en 80 km súdwestlik fan Glasgow yn it sintrum fan de histoaryske regio Carrick dêr't it ek it haadplak fan wie.
Maybole Am Magh Baoghail | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Dielsteat | Skotlân | |
Council area | Súd-Ayrshire | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4.760 (2011) | |
Hichte | 84 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+0 | |
Simmertiid | UTC+1 | |
Offisjele webside | ||
Hiemside Maybole |
Maybole leit net fier fan it berteplak fan Robbie Burns, Skotlân's nasjonale dichter. William Burns, syn heit, boaske in ynwenner fan Maybole, Agnes Broun (webstee Maybole). John Loudon McAdam (1756–1836), skotsk yngenieur en betinker fan de makadamwei hie in bûtenpleats ûnder Maybole.
Yn de 19e iuw waard Maybole in sintrum fan de skuon- learzeyndustry.
Partnerstêden
bewurkje seksje- Belœil, Belgje
- Crosne, Frankryk
- Schotten, Dútslân
- Arco (Trentino), Itaalje
Keppelings om utens (in)
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Maybole fan Wikimedia Commons. |