McKenzie (rivier yn Oregon)
De McKenzie is in rivier yn it noardwesten fan de Feriene Steaten yn de steat Oregon. De rivier is in sydrivier fan de Willamette en hat in lingte fan sa’n 138 km. Hy soarget foar de ôfwettering fan it grutste part fan de Cascade Range eastlik fan Eugene nei it meast súdlike diel fan de Willamette-delling. Der lizze seis grutte Damen yn de McKenzie en har sydrivieren. De rivier is ferneamd nei de Skotsk-Kanadeeske bonthanneler Donald MacKenzie, dy’t april 1813 de Willamettedelling ferkende.
De McKenzie ûntspringt yn it Willamette National Forrest yn de county Linne, Oregon, in pear kilometer benoarden fan Belknap Springs, county Lane. Dêrwei rint de rivier nei it suden troch it Trail Bridge Reservoir om by Belknap Springs nei it westen te bûgen. Krekt foar it plak Blue River, county Lane, streame de South Fork McKenzie en de Blue yn de McKenzie.
De South Fork McKenzie ûntspringt in de kriten fan it Pacific Crest Trail yn it gebiet fan de Three Sisters Wilderness yn county Lane. Dy rivier is 50 km lang en rint nei it noardwesten troch it Cougar Reservoir en is de ôfwetteringsrivier fan de Cougardaam. In stik as wat kilometers noardeastlik fan Eugene mûnet de Mohawk yn de McKenzie.
De McKenzie is de ienige drinkwetterboarne foar de stêd Eugene.