Cascades

(Trochferwiisd fan Cascade Range)

De Cascades of it Cascadesberchtme (yn de Feriene Steaten Cascade Range en yn Kanada Cascade Mountains neamd) foarmje in berchtme by de westkust fan de Feriene Steaten del. It berchtme rint fan noard nei súd, fan it suden fan Britsk-Kolumbia, Kanada ôf, troch de Amerikaanske steaten Washington en Oregon oant yn it noarden fan Kalifornje. It gebiet is sa'n 1100 km lang en hat in trochsneed breedte fan 130 km. It heechste punt is Mount Rainier mei in hichte fan 4392 m. It berchtme bestiet út brede, besnijde toppen dêr't in stikmannich fan fulkanysk binne. In soad fan dy fulkanen binne tsjintwurdich noch hieltyd warber. It part benoarden Mount Rainier wurdt wol de North Cascades neamd, en it gea dêre is yn trochsneed rûger en de bergen binne steiler.

Cascadesberchtme
Mount Rainier, it heechste punt fan de Cascades

It berchtme is part fan de Noard-Amerikaanske Gurdle (North American Cordillera), de gurdle fan berchtmen dy't de westlike râne fan Noard-Amearika beslacht en dêr't ek bygelyks de Rocky Mountains en de Pasifyske Kustberchtmen ta hearre. De fulkanen fan de Cascades binne ek ûnderdiel fan de Ring fan Fjoer, it ringfoarmige gebiet rûnom de Grutte Oseaan dat ferneamd is om de ferskate ierdskoddings en fulkaanútbarstings dy't der foarkomme. Utbarstings, dy't foarkomme yn it hiele gebiet fan de Feriene Steaten, útsein Hawaiï en Alaska, wiene allegear fan fulkanen yn it Cascadesberchtme. De twa meast resinte grutte útbarstings wiene dy fan Lassen Peak yn 1914 en Mount Saint Helens yn 1980. Yn 2005 wie der in lytse útbarsting fan Mount St. Helens.

 
Platentektonyk ûnder de Cascades

De Cascades binne lykas de Sierra Nevada en de Pasifyske Kustberchtmen ûntstean sûnt it Oligoseen (likernôch 30 miljoen jier ferlyn), as gefolch fan de pleatslike platetektonyk. It efterlizzende proses is dat de (oseanyske) Farallonplaat ûnder de westlike râne fan Noard-Amearika skoot, dêr't it troch opwaarme wurdt en dêr't magma foarme wurdt. Dat magma stiget op en dat feroarsaket op syn bart oer it ierdoerflak fulkanisme.

Oer de rin fan miljoenen jierren hawwe der ôfwikseljend perioaden west dêr't it rêstich wie mei út en troch perioaden fan fulkanyske aktiviteiten. Mei útsûndering fan de útbarsting fan Lassen Peak yn it Lassen Volcanic National Park yn it noarden fan Kalifornje wiene de fulkanen mear as in iuw rêstich, oant 18 maaie 1980. Op dy dei soarge in grutte útbarsting fan Mount Saint Helens foar nijs wrâldwiid. Geologen hiene noed dat it in begjin wie fan fernijde fulkanyske aktiviteit yn it gebiet, lykas yn de perioade fan 1800 oant 1857 doe't der yn totaal 8 útbarstings wiene. Der hawwe sûnt doe lykwols gjin útbarstings mear west.

 
De kleau fan de rivier de Kolumbia dwers troch de Cascades hinne

Namme en bewenning

bewurkje seksje

Yndianestammen wiene de earste bewenners fan it gebiet. Yn de maitiid fan 1792 kaam de Britske seefarder George Vancouver yn it gebiet troch de fjord Puget Sound en hy begûn de bergen Ingelske nammen te jaan. Hy joech lykwols it gea sels gjin namme.

Yn 1805 fear de Ekspedysje fan Lewis en Clark troch it Cascadesberchtme oer de rivier de Kolumbia, dy't jierren lang de iennige praktyske manier wie om troch it gea te reizgjen. De lêste hobbels op harren reis wiene hurdere streamen en wetterfallen yn de kleau fan de rivier de Kolumbia, de saneamde Cascades Rapids. Dy lizze no yn de Bonneville Daam-wetteropslachmar. It duorre net lang foardat kolonisten en hannelers op de rivier de bergen nei dy Rapids neamden, en de namme "mountains by the cascades", ofwol "bergen by de wetterfallen" brûken giene. Dat waard letter ynkoarte ta "Cascades", sa kaam it gebiet oan har namme.

Untdekking en bewenning fan it gebiet troch Jeropeanen en Amerikanen gie hurder doe't de Hudsonbaai Kompanjy in wichtige hannelspost iepene yn Fort Vancouver, by it hjoeddeiske Portland yn Oregon. De pelsjagers fan de Hudsonsbaai Kompanjy brûkten it fort as in thúspunt foar de strooptocht, en hja wiene de earste net-yndianen dy it súdlike kustberchtme ynlutsen oer wat letter de Siskiyou Trail neamd waard. Hja wreiden yn de jierren tusken 1820 en 1830 dat paad út mei diken dy't by Crater Lake, Mount McLoughlin, Medicine Lake Fulkaan, Mount Shasta en Lassen Peak del rinne.

It hat dêrnei noch jierren duorre foar't der wiere ymmigraasje nei it gebiet wie, en alhoewol't der tsjintwurdich ferskate grutte wegen en spoarwegen troch it gea rinne, binne grutte parten fan de Cascades noch hieltyd in wyldernis dy't slim te berikken is. In grut part fan de noardlike helte fan de High Cascades, benoarden Mount Rainier, is tsjintwurdich beskerme gebiet.

Om 1845 hinne lutsen foar de earste kear op gruttere skaal kolonisten troch de Cascades hinne oer de Barlow Road. Dy wei foarme it lêste stik fan de Oregon Trail. Earder moasten de kolonisten oer de rivier (mei de gefaarlike wetterfallen) reizgje. De wei rûn fan de rivier de Kolumbia by Hood River oer de pas by Government Camp nei Oregon City, en waard oanlein as in toldyk - $5 de wein - mar wie nettsjinsteande de tol dochs tige populêr.

Dêrnjonken waard de Applegate Trail oanlein sa't kolonisten net mear oer de rivier hoechden. Dat paad wie in al brûkt diel fan de California Trail nei it midden fan Nevada ta. Fan dêr ôf late it paad noardwestlik nei it noarden fan Kalifornje en ta einbeslút nei wat tsjintwurdich Ashland is, yn Oregon. Kolonisten koene dan fan dêr ôf de Siskiyou Trail folgje nei de Willamette Delling.

Doe't it Washington Territorium himsels ôfskiede fan it Oregon Territorium yn 1853 woe men in east-west ferbining troch de Cascades oanlizze, dêr't ta einbeslút it paad oer de Snoqualmie Pass keazen waard.

De Great Northern Railroad lei in Transkontinintale spoarwei oan fan Saint Paul (Minnesota) nei Seattle en dy moast troch it Cascadesberchtme gean. De rûte troch it berchtme hat sûnt it oanlizzen yn 1893 in tal farianten kend. Ynearsten lei der in saneamde hinne-en-wer-paad de berch op en ôf. Dat betsjutte in grutte lingte en in drege oergong troch it berchtme. De spoarwei lei in grut part fan it jier ûnder in tsjokke laach snie en dat makke de finansiering fan it spoar dreech. Om dat better te meitsjen waarden in tal tunnels oanlein, lykas de Cascade Tunnel, dy't iepene waard mei in lingte fan 4.200 meter, en de tunnel fan Stampede Pass. De snie bleau in probleem en op 1 maart 1910 kamen 96 minsken om it libben doe't in lawine in trein rekke. Dêrnjonken blieken de útlaatgassen fan steamlokomotiven in probleem. Om de problemen op te lossen waard de hjoeddeiske Cascade Tunnel mei in lingte fan 12,5 kilometer boud tusken 1925 en 1929. De tunnel leit 153 meter leger ferlike mei de foarige tunnel en dat betsjutte dus dat de treinen minder klimme te hoechden.

Wichtige bergen

bewurkje seksje
 
Mount Hood, it heechste punt fan Oregon

Wichtige piken yn it berchtme fan noard nei súd. Washington:

Oregon:

Kalifornje:

Kratermarren

bewurkje seksje

Nijsgjirrich binne de kratermarren, lykas Crater Lake yn it suden fan Oregon en Medicine Lake Fulkaan yn Noard-Kalifornje.