Medardus fan Noyon

Medardus fan Noyon (Salency yn Pikardje, om 470 hinne - † likernôch 545 of 561; Frânske namme: Médard) wie in biskop fan Noyon en is hillige yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke.

Medardus fan Noyons
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum ± 470
stjerdatum 545 of 561
wurkpaad
berop biskop

De heit en mem fan Medardus wiene Nactor en Protagia, beide fan Gallo-Romeinske komôf. Syn mem hy har man oerhelle om him ta it kristendom te bekearen. Medardus hie in twillingbroer mei de namme Gildardus, dy't letter biskop fan Rouen wurde soe.

Yn 530 waard Medardus troch Remigius fan Reims as opfolger fan Alomerus ta biskop fan Vermand wijd. In jier letter ferhûze de biskopssit nei Noyon, in plak dat better tsjin 'e Hunnen en Fandalen te ferdigenjen wie. It die letter bliken dat dat in goede set west hat, want Vermand waard mei de grûn lyk makke en nea wer opboud. Noch yn itselde jier waard it bisdom Doarnik by dat fan Noyon foege, in sitewaasje dy't sa bleau oant it jier 1146.

Medardus moast de heidenske brûkmen en feesten ôfskaffe en sa betocht er it roazefeest, in tradysje dy't noch lang yn Frânske parochy's fierd wurde soe.

Medardus waard begroeven yn Soissons en dêr waard in nei him ferneamde basilyk boud, dêr't wat letter ek de Sint-Medardusabdij (Abbaye Saint-Médard) ûntstie.

Oer Medardus besteane in grut tal legindes. Ien fan dy legindes wie dat hy en syn broer de belangrike barrens yn harren libben op 'e selde dei meimakken. By de begraffenis fan Medardus soene trije dowen sjoen wêze: twa kamen út de himel en ien út syn kiste.

Medardus wurdt fral fereare yn it Frânske taalgebiet. Yn Frankryk en Belgje binne ferskillende plakken nei de hillige ferneamd. Yn Nederlân is yn Wessem (L) in Medardustsjerke.

Medardus is patroanhillige fan boeren, wynbouwers en bierbrouwers. Hy wurdt oanroppen yn drûge tiden, foar in goede rispinge en befrijing fan finzenen en tsjin pine yn 'e mûle, gryp en geastesyktes. Rymkes en sprekwurden oer de hillige ferwize nei de ynfloed fan Sint-Medardus op rein. Sa waard eartiids sein dat as it op Sint-Medardus pisset, it seis wike lang miicht. Skynt de sinne, dan folgje 40 dagen mei sinneskynwaar.

Syn feestdei is 8 juny.

Medardus wurdt as biskop út- of ôfbylde, somtiden mei in hert of in earn.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: