Master Eckhart

(Trochferwiisd fan Meester Eckhart)

Master Eckhart (sirka 1260 - 1328), ek wol bekend as Eckhart fan Hochhheim, wie in Dútsk teolooch, mystikus en filosoof.

De master Eckhart yngong yn it tsjerke fan Erfurd

Libben bewurkje seksje

Eckhart fan Hochheim wie ôfkomstich fan Thüringen. As jong feint kaam er by de orde fan 'e Dominikanen. Hy studearre teology en dosearre in pear jier yn Parys, dêr't er de graad fan magister theologiae krige. Yn 1304 waard Eckhart keazen ta earste provinsjaal fan 'e provinsje Saxonia. Fan 1314 oant 1322 wurke er yn Straatsburch, dêr't Eckhart preke yn in soad Dominikaner kleasters yn 'e Elzas. Yn Straatsburg ferdigene er de posysje fan ´e Dominikanen en de relaasje mei de Underwerpbeginen.

Eckhart krige yn 1322 de lieding oer de Dominikaanse studium generale yn Keulen. Yn 1326 moast er him ferdigenje op fertinking fan ketterij, mar waard frijsprutsen. Hy moast him lykwols yn heger berop op 'e nij ferdigenje en kaam dêrfoar nei it pauslik hof, dat doe yn Avignon residearre. Yn 1328 is er stoarn yn 'e omkriten fan Avignon. Eckhart hat net mei makke dat guon fan syn stellings foar in part feroardiele waarden.

Preken en traktaten bewurkje seksje

Fan Eckhart binne preken en traktaten bewarre bleaun. It belangrykste traktaat is wol it Liber benedictus, ek wol 'It boek fan 'e Godlike Treast' neamd. Ut syn perioade yn Parys is in tal quaestiones, "fraachstikken", feitlik ferslaggen fan publike diskusjes oer stellings en problemen, bewarre bleaun. Syn preken binne foar in part yn it Middelheechdútsk, diels yn it Latyn oerlevere. It opmerklikst liket wol dat dizze gelearde man sa goed prate koe yn de taal fan it folk. Eckhart brocht it Middelheechdútsk nei nije hichten. Guon fan syn preken hat Eckhart sels delskrean, oare binne optekene troch syn taharkers.

De preken toane oan 'e boppekant net folle fan syn grutte eigenheid mei de midsiuwske skolastyk. Syn mystike ferbylding utere er op in wize dy't faak as onortodoks beskôge is. Wichtige oanwizings yn syn preken binne wol de via negativa, de "wei fan 'e ûntkenning": troch skynbere wissigheden op losse skroeven te setten, wol Eckhart minsken oan in tichtere bân mei God bringe. Der is wiisd op in beskate gelikenis mei it zenboedisme. De taal dy´t Eckhart brûkt, is faak tige eigen.

Teksten bewurkje seksje

God is net ien en net twa,
wa God oanskôget, oanskôget inkeld ienheid.

Do moast God sûnder byld ûnderfine,
fuortendaliks en sûnder gelikenis.
Wol ik lykwols Him fuortendaliks ûnderfine,
dan moat ik rjochtstreeks God wurde,
en dan moat Hy my wurde.

Hjoeddeisk bewurkje seksje

Yn ´e noch ûnfolsleine hjoeddeiske meardielige boarneútjefte binne njonken Eckhart syn preken, traktaten en quaestiones ek de boarnen oer syn proses opnaam, mei Eckharts ferdigening.

Yn it lêste desennium fan de 20e iuw hawwe de Dominikanen pleite foar in offisjele rehabilitaasje fan Eckhart. It Fatikaan hat der lykwols noch net op reagearre.

Yn it Nederlânske taalgebiet binne der fan ferskate wurken fan Eckhart oersettings makke. Dichter C.O. Jellema hat in tal traktaten en preken oerset.

Literatuerferwizing bewurkje seksje

  • Jan Calis e.o., Het boek van de Goddelijke Troost, Kampen-1996.
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Meister Eckhart fan Wikimedia Commons.