De Mega Top 30 is in Nederlânske hitparade en in radioprogramma op 3FM. De earste foarrinner fan de hitparade waard útstjoerd op 30 novimber 1963 troch de VARA ûnder de namme Tijd voor Teenagers Top 10. Op 23 maaie 1969 krige Willem van Kooten de mooglikheid de Hilfertsom 3 Top 30 te presintearjen by de VPRO. De earste nûmer ien wie Israelites fan Desmond Dekker & The Aces. Desimber 1970 naam de NOS it programma oer. April 1971 waard Felix Meurders de nije presintator; hy feroare de namme yn de Daverende Dertig. Yn 1974 besleat de publike omrop in nije hitparade op te rjochtsjen, de Nasjonale Hitparade. Wilens acht jier yn de jierren 70 en 80 stjoerde it telefyzjeprogramma TopPop de hitparade út dy't gearstald waard troch auteursrjochte-organisaasje Buma/Stemra, letter troch Intomart. No makket SoundAware de opfolger fan de hitlist, de Mega Top 50, op basis fan ferkeapsifers, downloads, muzykstreamings en merkûndersyk. It programma waard foar de earste kear útstjoerd yn febrewaris 1993. Fan jannewaris 2015 oant ein desimber 2016 waard de Mega Top 50 presintearre troch Barend van Deelen, dêrnei troch Jorien Renkema. Sûnt augustus 2018 is Olivier Bakker de presintator. Yn 2019 waard de hitlist mei 20 plakken ynkoarte en waard it de Mega Top 30.

Jier Titel Auteur(s) Beskriuwing fan de ynhâld ISBN
2004 Mega Charts Jubileumeditie Ed Hoogeveen Jubileumboek; behandelet de earste tsien jierren fan Mega Charts ISBN 9789021540207
2013 Mega Top 50 presenteert: 50 Jaar Hitparade Bart Arens, Edgar Kruize, Ed Adams De folsleine skiednis fan de Nederlânske publike hitparades fan 1963 oant 2014 ISBN 9789000331000

Keppeling om utens

bewurkje seksje