Karakter en gebrûken fan de âlde Friezen

bewurkje seksje

Friezen wiene typyske Germanen, se wiene wylder, langer en blonder dan de Kelten, en it wiene sterke, behurde en rauwe minsken, en foars fan foarkommen. It wiene gjin minsken mei sloppe knibbels en se wiene folslein oanpast oan it wjerstribbiche waar. Yn harren deistich bestean en gedrach wiene de âlde Friezen foarbylden yn mannich opsicht. Hja libben tige ienfâldich, wiene gastfrij en ealmoedich sels foar harren fijannen, mar yn oarloch wiene se drystmoedich. Bern en húsgenoaten wiene harren tige nei en se wiene dêr trou oan. Elts wie wolkom yn harren hutten en krigen it selde iten, wat meast ienfâldich wie sûnder omslach.  

Bûten harren ienfâldige libbenswize en ôfkear fan alle gemak wiene it gespierde en sterke minsken. Froulju en manlju hiene beide tige lang hier en manlju wiene meast bedutsen mei snor en burd. Hja oefenen harren lichem oant heeche leeftyd. De bern wiene al gau wend oan'e hjitte en kjeld, en dus hurde tsjin it klimaat wat der doedestiids wie. Swimme, hynsteride en oare putsjes hiene de bern harren al gau eigen makke en sadwaande waarden se ree makke om te jeien en te fiskjen.

Ûntucht wie in skande en waard harren libbenslang oanrekkene. It wiene minsken dy't tige begongen wiene mei harren eigen folk en dêr ek alles foar oer hiene en hja wiene trou yn it houlik. It waard net op priissteld om foar it tweintichste jier te trouwen, en hoe langer frijgesel hoe eerbaarder it wie. Mearwiverij wie net sa as by guon oare folken gongber, fjemdgean oft hoerderij waard swier bestraft en meastens mei de dea. De lieder wie yn dizze tiid meast de âldste en it haad fan de mienskip mar ek foargonger oft pryster by tsjinsten foar it earjen fan de heidenske goaden. 

Lykas de Germaanske folken yn't algemien mochten ek de âlde Friezen graach drank, bier oft “mede”. Dat wie wol in minpunt en droech by oan rúzjes en moarden. Dizze drank waard makke út weet en hie in heech alkohol gehalte. Hja holden harren altyd oan harren wurd, dat waard net ferbrutsen, mar mei drank op dan wie dat net mear jildich. It needsakelike húshâldlike guod en ark makken se fan hout, stien en oerbliuwsel fan bisten sa as bonken oft hoarnen en hûden. Nudles fan bonken binne wol fûn by it opdollen, want klean meitsje moasten se doe ek al fansels. Harren klean wiene hûden fan ferskate bisten, opdien by it jeien, hokker se sûnder franje los om it lichem bûnen.  

Ek makken se himden, en jurken, fan wol en fan wylde flaaks en droegen dy oer inoarren hinne. Jurken wiene gewoan in efter en in foarkant, byinoarren holden mei in riem oft tou.

Sawol yn’e simmer as winter rûnen se sawat yn'e selde klean om. De Romeinen hiene dêr wakker niget oan en dan foaral om't de “jurken” nochal koart wiene. Fier foar Kristus wie it allegearre wat rûch en ienfâldich mei de klean fansels, mar geandewei de ieuwen waard dat ferfynje. En foaral nei dat de Romeinen kamen. As “skuon” hiene se meardere stikken lear mei riemkes oan'e fuotten.  

Earst libben de Friezen fan de fiskfangst en jacht, wyld en fisken wiene der mear as genôch. Letter kaam de feefokkerij en lânbou wêrmei se oan harren behoefte foldwaan koene. In famylje bestie trochgeans út in 12 minsken sy en libben fan in 15 stiks kij, wat skiep en bargen. Dêrnjonken hiene se wat losrinnend fee sa as hinnen en oft guozzen en steefêst in hûn. It fee weide sa om'e terpdoarpen hinne en as it nedich wie waard der it iene oft it oare slachte. Fleis koe net sa lang ûnbewurke holden wurde en waard ynlein yn sâlt oft it waard rikke.

De kij fan doe wiene net sa grut, in ko bygelyks wie sa'n ien meter tweintich heech en bleau sa lyts fanwege ynteelt. De Friezen hiene doe en ek no noch in eigen taal, it Frysk, en en dat is rom sein in Germaanske taal. Eartiids sprutsen in soad folken yn it Noardwesten fan Jeropa Germaansk en, ek al wie it mei aksint, sy koene elkoar ferstean. De taal is evaluearre sa as se dat neame en sadwaande hat it net folle mear fan de taal sa as dy wie, sis in pear ieuwen ferline.

Lex Frisionum, is in beskriuwing yn wetten, dy't foar de Friezen rjochten en plichten yn holden wêroan't se foldwaan moasten en sa net wat dan de straffen wiene. Sa wie der bygelyks in fêststelde straf foar in slaaf dy't syn master dea makke, mar oarsom ek as de master syn slaaf dea makke al wie dy straf lang sa heech net. At se njonken harren sels noch in tal swargenoaten nei foaren bringe koene dan wie it net ûngewoan dat se frijsprutsen waarden. At se immen ferwûnen, sels de graad fan de ferwûning wie beskreaun, waard oan jûn wat dêr tsjin oer stean moast. De hiërargyske trep waard goed yn'e smizen holden en sa wist Ealman oant slaaf wat syn rjochten en plichten wiene en de gefolgen wannear hy of sy sich net oan de regels hold. Gelyk foar dy wet wiene de Ealen, de frijen, de hearrigen en de slaven yn eltsengefal net.

De sosjale klasse fan de ynwenners fan Fryslân koe men rûchwei yn fjouweren diele, te witten:  

1. De Adel oft Ealen, yn besit fan grutte pleatsen en besittingen, hjir en der bediele mei ridderlike hofstêden, sterkten (legerkampen) en Kastielen.

2. De Frijelingen (Frijberne oft Frije lju) hokker ek guod yn frijdom besieten mar útsletten wiene fan de foarrjochten fan de Ealen.

3. De Laten oft Liten, foarhinne liifeigene dy't de landerijen fan de Ealen oft Frijen yn lien oft hier brûkten. Se moasten hân en spantsjinsten ferliene oan har lienhearen.

4. De sklaven, sûnder besit, ek sy, harren froulju en bern wiene eigendom fan harren masters. Dizze slaven wiene ek, yn grut tal, yn tsjinst fan tsjerken en kleasters. 

De wetjouwing wie folslein ynrjochte op behâld en ûnderhâld fan dizze fjouwer dielichheid. Swiere wandieden, troch de Ealen begongen, waarden meast ôfdien mei in lichte boete.

Mar omkeard wie it "legere" folk it slachtoffer fan de "hegere" hearen. Dizze wetten wiene plan-út willekeur en hegelik ûnrjochtfeardich. Sa waarden persoanlike misledigingen fan Ealen oant seis kear swierder bestraft.

De omgongsfoarmen wiene tige rau, minske offers wiene noch gongber. Ek om dy reden wiene nei de dea fan Bonifatius en syn gefolch, ûnder it regear fan Redbad II, hast gjin prekers ree om harren libben te weagjen yn Fryslân.

Swiid wiene de oerwinningen fan it lytse folk hokker altyd wûn en 'nea' ferlear, wylst de buorren Cauchen en Batavieren bygelyks al sa lang ûnder it jok fan de Romeinen te lijen hiene. It wie doedestiids net gewoan om moedich en tagelyk frijheidsleavjend te wêzen en dêr hiene de Romeinen wol respekt foar. It is foar gjinien folk in winsk om oerhearske te wurden troch in frjemde naasje.

Mar dêr stiet tsjinoer dat it ek heilsum wurkje kin. Fan it oerhearskjende leger en bestjoer wat safolle fierder is yn ûntwikkeling, kin it efter bliuwende folk in soad leare. Oars hiene se (sûnder de Romeinske oerhearsking) faaks jierren op it selde nivo en sûnder ûntwikkeling bleaun.

Hjir troch (omgean mei superieure folken) wiene der ferbetteringen yn'e húsfesting, de klean dy't se droegen, iten ensfh. en waard der folop guod ruile. En sa kaam der bygelyks ek muntjild beskikber foar de Friezen. De Romeinen yntrodusearren de draaiskiif foar it meitsjen fan ierdewurk en dan fral it meitsjen fan kruken en servys. Ek yn'e bou fan skippen en in hiel soad oare saken wêrfan de Friezen gjin “weet” hiene, learden se fan de Romeinen. Foaral izer, oare metalen en alderhande materialen wiene al gau ûnmisber. Foar de feefokkerij wie it in stimulaasje mar dus ek foar de lânbou, en sa makken se ark om it lân mei te berêden. No koene se weet ferbouwe, wat oars út Brittanë wei komme moast. Dit lêste wie tige wichtich foar de Friezen om't it net allinne iten wie mar it soarge foaral foar hannelskontrakten mei it leger en dus foar rykdom. Trochdat der mear om guod frege waard, foar it enoarme leger, wie der ek mear wurk foar de minsken en kaam de ekonomy pas goed op gong. De Friezen wiene tige goeie hannelslju.

De grûn waard mear wurdich, de boeren woene dat beskermje en op dy wize ûntstiene der buorkerijen. Sa hie it yn alle rjochtingen fan de ekonomy syn ynfloed.De ferbiningen mei oare gebieten wiene better, ek foar de hannel, troch de oanlis fan, ferhurde, geanbere diken foar it ferkear. Al mei al in segen foar de foarútgong, bekwamens en de beskaving. Foar ien ding wie it net goed en dat wie foar it frijheidsgefoel fan de Friezen. Mar ja, safolle hiene se ek noch net leare kinnen fan oare fijannen. As it no wie om it mistrouwen oft om de Friezen der ûnder te hâlden, der soe yn eltsengefal mear tasjoch komme op harren dwaan en litten en seker oangeande it kastiel Flevum. Gnaius Domitius Corbulo wie in Romeinsk befelhawwer ûnder de keizers Claudius en Nero (41 oant 68 n.K.) en hy liet, net sûnder reden, om dy tiid in sterke festing bouwe, likernôch wer as no de stêd Greens leit. Sa soarge hy der ek foar dat Fryslân in beskaafde steatynrjochting krige en hy ferbettere de wetten. Hy stelde de magistratuer oan en oare regearders, wat in grutte ferbettering wie foar it Fryske folk.

Wat ieten wy sa al?

bewurkje seksje

It beskriuwen oer sa'n lang tiidrek fan de earste bewenners nei no is it beskriuwen fan rau iten nei sean iten. Fan de iere jagers en swalkers yn'e oertiid dy't ieten wat mar foarhannen wie. Letter ieten se alles wat it fee te bieden hie, sa as molke, bûter , tsiis, en fleis mar ek fisk. Fierder wat de jacht opsmiet, dat waard rau op iten oft, stadichoan mear, ta makke op it fjoer. De lettere lânbou opbringsten koene se wol efkes bewarje, mar farsk iten net. Om it iten al langer bewarje te kinnen waard it rikke oft droege yn'e sinne. Lytse bisten fongen se om letter op te iten, wat libbet wurdt net ferkeard. Iten sykje en klearmeitsje wie in dei lang wurk. Lânbou waard noch net in soad tapast. Inkeld op in stikje goeie grûn hjir en dêr foar wat griente, en fierders wie it iten wylde fruchten, planten, núten, poddestuollen, ferskate woartels, raap, koal, graansoarten sa as rogge, weet, wylde hjouwer, ek brûkt foar bier en brij. Letter is der echte kweke weet út Ingelân en Itaalje ynfierd. De lânbou wie it terrein foar en fan âldere mannen en froulju hokker ek it húshâlden diene.

De jongere mannen wiene drok dwaande mei de wapenhannel de jacht en de fiskerij oft sieten neat te dwaan yn harren tinte oft wenning, klear om oarloch te fieren. Op in fjurke yn it midden fan'e stee waard it iten klearmakke, in gat yn it dak soarge foar de reek ôffier. By rau kost kriget in minske genôch sâlt binnen, en it neidiel fan it gearjen fan iten is dat it oanfolle wurde moast mei sâlt en dat wie tagelyk it middel om iten langer goed te hâlden. (Sâlt hat, letter, sels in middel west om mei te beteljen.)

Alle fûgels kamen yn oanmerking om op de itenstafel te belânjen. Mar ek de bisten dy't se as húsbisten holden, sa as de gâns en de baarch waarden brûkt as miel. De feefokkerij bestie meast út hynders, kij, bargen, geiten, hinnen en skiep.Njonken it gewoane slachtsjen wie der ek it rituele slachtsjen. Benammen tsjin de winter as it fee allegearre ûnderdak brocht wurde moast waard der nochal wat slachte. Sa hjit de novimber moanne noch altyd slachtmoanne en is Sint Maarten der in Kristlike fariant op. 

Lyts wyld sa as fûgels waarden wol omwikkele en ynwreaun mei klei en yn it fjoer lein, as de klei hurd wie dan wie it fleis klear en dan waard dy stikken slein en bleaunen de fearen yn'e klei efter. As ienichst swiete stof hiene se húning en mei gêstewetter makken se de Goadedrank “Mede”.

De see brocht ek iten sa as moksels, kokkels,oesters en yn'e omjouwing wie bygelyks seekoal, “biestarwegras” en “lamsoor” te finen. Fierder ieten se wylde grienten, wylde beien, húning, en aaien.