Eala en wolkom by de Fryske Wikipedy. It soe aardich dasto efkes in 'account'(meidoggersside) makkest.

Ik haw in part fan dyn wurk sjoen en staveringsflaters fuorthelle. Dyn Frysk skriuwen is noch net fan in heech nifo, mar ik hoopje dasto it nijsgjirrich fynst yn 'e kunde te komme mei de Fryske taal. Sadwaande woe ik efkes oan it ljocht bringe dat der in grut ferskaat bestiet oan kursussen Frysk. De Afûk (Algemiene Fryske Ûnderrjocht Kommisje) hat op harren hiemside ( www.afuk.nl ) in soad kursussen. Mar der binne ek oare mooglikheden lykas in kursus Frysk op CD-rom, ek. Ek op de ynternetside fan Pyt Kramer is in lytse kursus Frysk.

Do kinst op 'e meidoggersside fan Kening Aldgilles in tynge weromskriuwe.

Ik hoopje yn 'e takomst mear skriuwsels fan dy by de Fryske Wikipedy te sjen.

Tige tank foar dyn wurk oant no ta.


Dit is de oerlisside fan in ûnbekende meidogger; in meidogger dy't him/har net oanmeld hat. Om't der gjin namme bekend is, wurdt it ynternet-adres brûkt om oan te jaan om wa't it giet. Mar faak is it sa dat sa'n adres net altyd troch deselde persoan brûkt wurdt. As jo it idee hawwe dat jo as ûnbekende meidogger opmerkings foar in oar krije, dan kinne jo jo oanmelde. Fan in oanmelde meidogger is it ynternet-adres net sichtber, en as oanmelde meidogger krije jo allinnich opmerkings dy't foar josels bedoeld binne.