Wolkom op 'e Fryske Wikipedy, ik ha de stavering fan de side universiteit neisjoen. It bliuwt lykwols in bryk ding dêr't kop noch sturt oan te ûnderskieden is. Kinne jo de oare kear wat better nei de krektens fan de ynhâld en de sinsbou sjen? As jo it Frysk skriuwen net yn 'e macht hawwe, kinne jo tenei it Berjocht:Stavering op 'e side sette, dan sille oare meidoggers de ynhâld hifkje. Faaks kinne jo nochris nei de tekst sjen, en de sinsbou wat better dwaan, it is no hiel abstrakt en ik begryp der suver neat fan. Kening Aldgilles 31 okt 07 - 11:08 UTC


Dit is de oerlisside fan in ûnbekende meidogger; in meidogger dy't him/har net oanmeld hat. Om't der gjin namme bekend is, wurdt it ynternet-adres brûkt om oan te jaan om wa't it giet. Mar faak is it sa dat sa'n adres net altyd troch deselde persoan brûkt wurdt. As jo it idee hawwe dat jo as ûnbekende meidogger opmerkings foar in oar krije, dan kinne jo jo oanmelde. Fan in oanmelde meidogger is it ynternet-adres net sichtber, en as oanmelde meidogger krije jo allinnich opmerkings dy't foar josels bedoeld binne.