Jûn, 77.165.53.107 sa sil ik jo ynearsten mar neame, omdat noch gjin namme brûke. Noch wolkom op de Fryske Wikipedy. Jo hawwe grif bining mei Hoarnstersweach haw ik wol sjoen. Soks is altiten moai as minsken oer de eigen kontreien skriuwe. No bin ik mar sa frij west om de stavering of it redaksjewurk wurk wat oan te passen. Soks is bedoeld om der wat ienheid yn te bringen en seker net om jo ôf te stjitten. Wy binne ommers bliid mei elke dielnimmer dy't wat bydrage kin. Ik hoop dat jo der aardichheid yn hâlde en noch mear bydrage kinne oan de Wikipedy. Mochten jo fierders wat witte wolle dan binne der altiten wol guons dy't rie jaan kinne. Groetnis, --Swarte Kees 27 okt 2009, 20.53 (CET)Beäntwurdzje


Hallo Meidogger:77.165.53.107, Wolkom op de Fryske Wikipedy. Jo wienen al drok dwaande mei it oanpassen fan de side Hoarnstersweach. At jo fan doel binne om der mear oan te dwaan, dan soenen jo ris sjen kinne at jo jo ek oanmelde wolle by de Wikipedy; dat jout ûnder oaren de mooglikheid oan te jaan dat eat allinnich in wiziging fan de tekst is, sûnder dat der nije ynformaasje byset is. Wat lykwols no ek al mooglik is, is mei de wizigje, boppe-oan de side, de hiele side te bewurkjen, en dan de bewurkings nei te sjen mei Earst oerlêze. Dan hoege jo net sa'n protte losse ferzjes fan de side oan te meitsjen. Mfg, Mysha

fersykje bewurkje seksje

Beste anomiem,

Ik bin ien fan de behearders op de Fryske wikipedy en haw in fersykje oan jo. Jo binne op it stuit wol gauris dwaande op de Fryske Wikipey. Fan alle wizings dy't jo oanmeitsje komt jo ip-adres by te stean. Omdat jo as anoniem bekend stien, komme ek al jo wizigings op in side te stean dy't troch meiwurkers neisjoen wurde kinne. At jo meidogger wurde wolle, dan komme dy wizigings der net mear tusken en dat skilt ús wer wurk. Meidogger wurde wiist him fansels. Sadwaande myn fersyk. Mei freonlike groetnis --Geoffrey 18 nov 2009, 20.28 (CET)Beäntwurdzje


Dit is de oerlisside fan in ûnbekende meidogger; in meidogger dy't him/har net oanmeld hat. Om't der gjin namme bekend is, wurdt it ynternet-adres brûkt om oan te jaan om wa't it giet. Mar faak is it sa dat sa'n adres net altyd troch deselde persoan brûkt wurdt. As jo it idee hawwe dat jo as ûnbekende meidogger opmerkings foar in oar krije, dan kinne jo jo oanmelde. Fan in oanmelde meidogger is it ynternet-adres net sichtber, en as oanmelde meidogger krije jo allinnich opmerkings dy't foar josels bedoeld binne.