Dei Bekema, jo hienen in tal feroarings makke yn de side oer Jakob Klok. No is it feroarjen fan teksten op de Wikipedia's bûn oan konvinsjes. Ien dêrfan is dat jo saken earst oerlizze op de Oerlisside fan it artikel. Dêr kin oanjûn wurde wat der feroare wurde moat en wat de boarnen binne om soks te feroarjen. Jo feroarings binne no weromsetten, mar jo wurde fan herte útnoege om de diskusje oan te gean op de oerlissiden. Groetnis, --Swarte Kees 5 nov 2011, 15.36 (CET)Beäntwurdzje

Dei Swarte Kees, Der sitte neffens my yn it artikel oer Klok in pear lytse foutsjes. 1. Allerearst: de foarnamme Jacob moat Jakob wêze. De titel fan it artikel moat dus ek feroare wurde. (Mar miskien wol mei in ferwizing nei Jacob Klok). 2. Ik fyn it sels in bytsje onsin om in plak in Grins mei in Fryske namme oan te tsjutten. Der sil yn in Wikipedy ek wol noait in artikel oer Nij-Scheemda komme. Ik soe kieze foar de echte namme van it plak: en dat is Nieuw-Scheemda. 3. Krekt lyk mei Boargemaster Klokstritte. Dat seit in Sint Anne (wer t se Bildts prate) ek net ien: it is de Burgemeester Klokstraat. 4. Mei de Meester Klokweg ( der stiet no Klokwei) is ek wat bisunders; Op it strjitnammebuordsje wurdt dat fertaald mei Master Klokwei. Mar yn dit diel van de Dokkumer Wâlden brûkte men dat wurd noait, it wie altyd meester. Mar it giet miskien wat fier om der yn dit bestek wat oer te sizzen. 5 Midden yn it stikje Oarloch stiet ûnderbroch, dat sil wol ûnderbrocht wêze moatte. 6. Der is ek in webside oer Jakob Klok: www.meesterklok.nl. Der komt it measte fan it artikel ek wei. In ferwizing is wol op syn plak, liket my. Der is no ek in artikel oer Jakob Klok yn de Nederlânske Wikipedia. Moat der ek nei ferwiist wurde? Mei freonlike groetnis, Bekemawarffum 11 nov 2011, 13.49 (CET)Beäntwurdzje