Wolkom op de Fryske Wikipedy.
Ik leau jo hawwe wat problemen mei it te plak setten fan jo ynformaasje. Wat wie krekt jo doel mei dizze nammen? As se al te plak binne, dan moat de opmaak faaks noch wat oars. Yn it Wikipedy:Koart oersjoch kinne jo sjen hoe't jo bygelyks kopkes en listen meitsje kinne. Aliter 01.29, 25 apr 2005 (UTC)

No't ik begjin en ein fan de paragrafen sjen kin, bin ik begûn mei it oersetten, mar ik wit hieltiid noch net wat dy side is. Is dit in bibliografy fan teologen dy't "anton" yn de namme hawwe? Dan soe it part oer Henricus Antonides Nerdenus no nei dy side oer kinne. (Ik haw ek de titel oerset, mar op it stuit is der noch in trochferwiizing, dat it soe gjin probleem wêze moatte.) Aliter 04.41, 26 apr 2005 (UTC)

Ik sjoch jo lizze ferskate ferzjes fan de side dy't jo bewurkje fêst. Witte jo dat de knop "Oerlêze eart de side fêstlein wurdt" it mooglik makket om yn it foar te sjen hoe't dy side wurde sil? Fierders haw ik noch wat oanpast op Antonides teologen, mei de omskriuwing op Oerlis:Antonides teologen.) Aliter 01.24, 28 apr 2005 (UTC)

It is moai dat jo wat mear skreaun hawwe op de side Antonides teologen, mar de ynhâld past net bêst by de side. Al dy ynformaasje oer de ferskate minsken stiet op de siden fan dy minsken, of oars kinne jo dat der op oernimme. Mar as jo sizze dat dit mear is dan in side [[Antonides (efternamme))]], dan soe hjir in omskriuwing fan dat geslacht komme moatte. Om it bot te sizzen: as op dizze side gjin relaasje tusken de famylje Antonides van der Linden en de oare Antonides-en jûn wurdt, dan soe der ek mar ien fan beide famyljes op behannele wurde moatte. Aliter 03.11, 6 mai 2005 (UTC)