Dei Moannefamke, jo hienen fan'e wike in berjocht setten op de Oerlisside fan Wutsje. De gedachte der achter begryp ik wol, de man is goud wurdich foar in Wikipedy en dan docht men wolris wat om him te stypjen, mar ik wol jo dochs freegje om Oerlis oer de Nederlânske Wikipedy tenei op de Nederlânske Wikipedy sels te hâlden. Wy geane hjir oant no ta wat gemoedliker mei elkoar om en wolle soks ek graach sa hâlde. Soks giet meastentiids wat makliker as de Wikipedy lyts is. (Jo en Wutsje soenen hjir as Frysk skriuwers op de Fryske Wiky wat dat oangiet wol passe as it om it foarúthelpen dizze Wikipedy giet.... ) Groetnis, --Swarte Kees 12 jan 2012, 19.42 (CET)